Slyk twingt waadrinners It Amelân flink blokje om te gean: "Mogelijk door baggeren"

Waadringids Henk Dijkstra © Henk Dijkstra
Waadrinners dy't de oerstek nei It Amelân meitsje, moatte sûnt fiif jier trije kilometer mear ôflizze. Troch it tanimmende slyk, is in part fan de oarspronklike rûte ûnbegeanber.
Al 35 jier lang lûkt Henk Dijkstra (59) de learzens oan om it waad oer te kuierjen. Yn dy perioade hat de gids syn omjouwing feroarjen sjoen. Sa naam de hoemannichte slyk safolle ta, dat fiif jier lyn de rûte nei It Amelân oanpast is.

Farferkear

Mooglik is der in ferbân mei it baggerjen. Dat is, tafallich of net, fiif jier werom begûn. Sadwaande bliuwt de fargeul djip en breed genôch foar it farferkear.
"Begrijpelijk", fynt Dijkstra, "want de boten zijn natuurlijk van groot belang voor Amelanders. Plus, 90 procent van de boten vervoert toeristen, die weer cruciaal zijn voor de economie."
© Henk Dijkstra
Neidiel fan de maatregel is dat it slyk sa ferpleatst wurdt nei oare gebieten. "Dat kan ervoor zorgen dat niemand daar meer kan wadlopen. Je zakt er namelijk weg."
Dijkstra seit net mei wissichheid sizze te kinnen dat it baggerjen de oarsaak is. "Al is het aannemelijk dat het een rol speelt. Maar er zijn ook natuurelementen die invloed kunnen hebben. Zoals stormen en strenge winters."
De situatie van veertig jaar terug is vergelijkbaar met die van nu.
Waadringids Henk Dijkstra
De waadringids heakket deroan ta dat der sa'n fjirtich jier lyn ek in gruttere hoemannichte slyk op de waadrinrûte lei. "De situatie van toen was vergelijkbaar met die van nu."
Dat nimt net wei dat se fiif jier lyn omdokterje moasten oan de waadrinrûte. Mei as gefolch dat dizze trije kilometer langer waard.

Rûte feroare

De tocht begûn earder by de kop fan de pier. Dêrwei rûn hja nei de lânoanwinningswurken, om dêr oan de ein yn eastlike rjochting te gean. Nei trije kilometer oer it waad komme je op it punt dêr't de dielnimmers no it waad op stappe.
© Omrop Fryslân
Kuierders gean no earst fan de pier ôf werom nei de seedyk. Dêr ferfolgje se harren paad oer de dyk oant it startpunt op it Waad. Troch de ekstra kilometers binne de dielnimmers no 4 oeren dwaande, dêr't dit fiif jier lyn noch 2,5 oant 3 oeren wie.
© Henk Dijkstra
Mei dêrtroch is de tocht nei It Amelân boppekategory. Ek gean de kuierders no in langer, swierder stik temjitte. "Eerder was er zo'n 300 meter pittig. Dat ligt nu rond de kilometer. Voor mij als ervaren wadloper is dat al best aanpoten, dus de andere deelnemers moeten dan helemaal aan de bak."
De feroarings hawwe lykwols gjin ynfloed op it tal oanmeldingen. "Mensen willen dit blijven doen. Als het vier uur blijkt te duren, dan is dat zo, redeneren ze."
Ik denk niet dat er meer slik bij komt. De afgelopen drie jaar is de situatie stabiel.
Henk Dijkstra
Dijkstra fynt it dreech te sizzen hoe't de takomst fan it waad derút sjocht. "Maar ik denk niet dat er meer slik bij zal komen. De afgelopen drie jaar is de situatie stabiel."

Oare wrâld

Wat wol as in peal boppe wetter stiet, is dat Dijkstra hoe dan ek mei in goed gefoel it Waad op rint. "Het is daar zo bijzonder. Een compleet andere wereld", seit er. "Wat er aan de ene zijde van de dijk gebeurt, zinkt voor je gevoel weg aan de andere kant."