Fries Museum yn see mei Wynpark Fryslân: 4,5 ton oer trije jier

Wynpark Fryslân is foar 450.000 euro de nije haadsponsor fan it Fries Museum yn Ljouwert. Dat is hjoed bekendmakke by de ûndertekening fan de gearwurkingsoerienkomst tusken beide partijen.
Museumdirekteur Kris Callens en bestjoersfoarsitter Huib Morelissa fan it wynpark setten freedtemiddei harren hantekening. It giet om in totaalbedrach fan 4,5 ton, ferspraat oer trije jier, mei in opsje foar nochris twa jier. It museum wol op dizze wize in ambisjeuze programmearring delsette. Dat begjint takom wike al mei de tentoanstelling Christoffel & Kate Bisschop: Verlangen naar vroeger.
Duorsumens
"Duurzaamheid is een belangrijk element in de bedrijfsvoering van het Fries Museum", seit Kris Callens. "Al vanaf de bouw van het gasloze museum en het energieneutrale depot. Als toonaangevend museum van de meest circulaire regio van Nederland willen we nu doorpakken."
"Dit is in substansjeel bedrach dêr't wy wat mei kinne", ferfolget Callens. "Ek yn de kulturele sektor binne de kosten omheech gien. Dy witte wy mei hjirmei te dragen. Ek kinne wy Friezen en besikers oan Fryslân programma's en skoalaktiviteiten oanbiede."

Neffens Morelisse is it partnerskip mei it Fries Museum it wiermeitsjen fan de belofte om ynwenners fan Fryslân meiprofitearje te litten fan de opbringsten fan it wynpark. "Het Fries Museum is een belangrijke drager van de Friese cultuur en een motor voor het cultureel toerisme. Met de sponsoring van het Fries Museum willen we bijdragen aan de Friese cultuur en trots en aan de toeristische economie in de provincie."
Ekstra jild foar Fryslân
Neist de gearwurking mei it Fries Museum jout Wynpark Fryslân noch jild oan oare projekten yn Fryslân. Sa is der in ekstra bydrage fan 250.000 euro foar de ferduorsuming fan sportakkomodaasjes. De Energiebank Fryslân kin 400.000 temjitte sjen. Fierder giet der jild nei it ûnderwiis, benammen foar it oplieden fan technysk personiel dat helpe kin by de enerzjytransysje.
Wynpark Fryslân leit yn it Fryske part fan de Iselmar by Breesândyk. It bestiet út 89 turbines fan 4,3 megawatt en produsearret 382,7 megawatt griene stroom. Dat stiet gelyk oan it ferbrûk fan 500.000 húshâldingen. It is it grutste wynpark op in binnenwetter yn 'e wrâld.
"De hoge stroomprijzen hebben enerzijds geleid tot goede bedrijfsresultaten voor het windpark over 2022, maar anderzijds tot hogere energielasten voor burgers en instellingen in Fryslân", ljochtet Morelisse ta. "Daarom hebben de aandeelhouders besloten extra middelen beschikbaar te stellen om deze lasten te helpen verlichten en om de energietransitie te helpen versnellen."