Noardeast-Fryslân ferlegen om taksysjauffeurs: "Soms moatte we 'nee' ferkeapje"

Een taxibusje van Jobinder © RTV NOF
Yn Noardeast-Fryslân binne der soargen oer it tal beskikbere taksysjauffeurs. It tekoart hat ûnder mear te krijen mei it kapasiteitsprobleem by it CBR.
Elkenien dy't fia regiosintrale Jobinder in taksy regelje wol, moat rekken hâlde mei langere wachttiden. Jobinder makket gebrûk fan taksybedriuwen yn de regio Noardeast-Fryslân, lykas Doorenbos, taksysintrale NOF en taksy Waaksma.

Op 'e reservebank

Jelle Bosma wurket by it lêste bedriuw. Ek him falt it op dat der minder nije oanwaaks is. "Ik prate yn novimber 2022 bygelyks mei ien dy't sjauffeur wurde woe by ús. Hy woe sa gau mooglik oan de slach, mar hie yn maaie dit jier noch gjin dúdlikheid", fertelt Bosma.
"Je moatte dus lang yn de wacht stean; plaknimme op de reservebank. It resultaat is dan wol dat je as bedriuw somtiden 'nee' oan klanten ferkeapje moatte."

Massale ynkeap grutte partijen

Waaksma keapet de eksamens net sels op. Dat docht de oplieder. En dat is lang net altyd maklik. "Grutte oplieders keapje massaal de plakjes yn en sjogge letter wol wa't se dêr ynpasse wolle. By ús is mear maatwurk nedich. Mar dêrtroch fiskje wy bytiden wol efter it net, lykas oare lytsere partijen."
Sels opliede kin in oplossing wêze, fertelt Bosma, "mar dat is net fan de ien op de oare dei regele. Oant dy tiid binne wy ôfhinklik fan it CBR. Sûnder sjauffeurskaart kinst ommers net ride."