Weststellingwerf wol statushâlders opfange yn tydlike sjaletten yn Wolvegea

Der komt in tydlike wenlokaasje foar statushâlders yn Wolvegea. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders freed bekend makke. Dat betsjut dat der in omjouwingsfergunning oanfrege is foar it pleatsen fan 20 sjaletten foar maksimaal fiif jier.
'Wij hebben net als iedere gemeente een wettelijke opdracht om statushouders woonruimte te bieden", seit wethâlder Mariska Rikkers-Oosterkamp. "Veel van hen wachten in een overvol asielzoekerscentrum op een woning terwijl ze een verblijfsvergunning hebben."
Omwenners binne tsjin
Der is keazen foar sjalets oan de Hoofdweg yn Wolvegea om 'meer ruimte te creeëren op de krappe woningmarkt' leit de wethâlder út. "Zodat bijvoorbeeld starters uit de regio niet nog langer hoeven te wachten op een woning. De statushouders stromen in de komende vijf jaar door naar andere woningen in de gemeente."
Omwenners ha earder al witte litten dat se neat sjogge yn it plan. Rikkers-Oosterkamp begrypt dat, mar seit ek dat de gemeente net oan de winsken fan elkenien foldwaan kin. "Als college moeten we alle belangen afwegen. Daarom is dit het besluit geworden."
Yn de tydlike opfang komme benammen húshâldingen te wenjen, sa lit de gemeente witte.