Gemeente set streek troch pilot eveneminteterrein Tolhúspark

Der komt gjin pilot om yn it Tolhuispark yn Dokkum in eveneminteterrein yn te rjochtsjen. Dat hat de gemeente Noardeast-Fryslân besletten.
Der wie in soad krityk op it plan út de buert en de besikers, mar ek út de gemeenteried wei. De bedoeling wie om metalfestival Dokk'em Open Air en it Concours Hippique yn it park te organisearjen.
Dêrmei koe sjoen wurde wat der wol en net kin op dy lokaasje. Troch alle kommoasje seagen beide eveneminten net genôch draachflak mear foar harren organisaasje. Dêrop hat de gemeente besletten de pilot fan trije jier ek net mear troch te setten. Noardeast-Fryslân sil de eveneminten helpe mei it sykjen nei in oare lokaasje.