Oerol los op wer in nij festivalterrein: dit kear by West aan Zee

© Oerol
It finen fan in nij festivalhert foar Oerol op Skylge is noch altyd in grutte útdaging. Foar de edysje fan dit jier, dy't freed úteinset, wurdt der op 'e nij in oar plak besocht: by West aan Zee.
Westerkeyn wie jierren it fertroude hert fan it festival, mar dêr sil no op boud wurde en dus dat plak net mear beskikber. Oerol is al jierren dwaande mei in syktocht nei in nij plak. Foarich jier wienen der ferskate plakken: it Bostheater by Formearum, Om Oost by Oost, de Betonning yn West en in tinte mei muzyk by Westerkeyen.
Al dy plakken hawwe no romte makke foar wer in eksperiment: De Deining. It nije festivalhert is foar in part op it parkearterrein by West aan Zee en foar in part op it strân. Op it strân is in twadde lytser poadium mei ek hoareka.
Omrop Fryslân docht eltse dei ferslach fan Oerol. Sjoch hjirûnder op watfoar tiidstippen oftst in bydrage op radio, telefyzje of online fine kinst.
© Oerol
It is op ferskate fronten sykjen foar Oerol. It strjitteäter is dit jier hielendal werom, dat waard foarich jier troch besikers en ûndernimmers bot mist. "Vorig jaar leefden we nog in het staartje van corona en konden we om deze reden de vergunning niet rond krijgen", seit algemien direkteur Siart Smit. "Wat we toen hebben gezien, is hoe erg het gemist is door de mensen."
Sabine Pater is de nije artistyk lieder fan it grutste lokaasjeteäterfestival fan Europa. Neffens har wie it bot sykjen om alles wer yn balâns te krijen sa nei corona. "We hebben het straattheater weer omarmd, maar er is ook ruimte voor nieuwe vormen. De circuslijn die we hebben ingezet bevalt goed. Het is zowel nationaal als internationaal in ontwikkeling."
Dat is werom te finen yn it strjitteäter sa as by ChelseaBoy's Circus. Yn harren sirkusakt komme foarmen as dûnsjen, drag en steltrinnen byelkoar. Ek House of Circus is strjitteäter dêr't sirkus en dragkeunst byelkoar komt. Drag is in nije opkommende keunstfoarm.
Ek by de gruttere foarstellings komt sirkus werom, lykas by de iepeningsfoarstelling en ien fan de ferwachte hichtepunten: La Spire fan it Frânske selskip Rhizome. It fynt plak op it Griene Strân. Fiif froulike akrobaten bewege harren op hiele grutte stielen konstruksjes.
Roxanne Hazes is de iepeningsakt © Oerol
Oerol wol breed programmearje en nije minsken ûntdekke, dat spilet ek mei yn de kar foar de iepeningsakt. Al is it in bekende namme: Roxeanne Hazes. "Ze heeft zich erg ontwikkeld en een hele goede stem. We hopen dat ons publiek haar ontdekt en denkt: dat is toch wel superinteressant."