Dizze fierljepwedstriden binne de kommende tiid live te folgjen by Omrop Fryslân

It nije fierljepseizoen is los en de ljeppers ha harren earste sprongen makke. Omrop Fryslân jout dizze simmer rom omtinken oan it fierljeppen. Seis grutte wedstriden binne live te folgjen.
Sneon 10 juny om 19.00 oere is de earste livestream te sjen mei kommentaar fan âld-topljepper Bart Helmholt en sportferslachjouwer Freark Wijma. Yn de rin fan it seizoen stjoert Omrop Fryslân noch fiif wedstriden live út.
Sjoch hjirûnder wannear't de wedstriden te folgjen binne:

De sterkste manlju, froulju, junioaren, famkes en jonges geane op jacht nei fierljeprekôrs op It Heidenskip. Nederlânsk rekôrhâldster Marrit van der Wal (18.19 meter) ljept har lêste seizoen en wol hiel graach in kear de langste pols (13.25 meter) útklimme. En de bruorren Galama jage op de magyske grins fan 22 meter.
Under oare it Keningsljeppen yn Burgum, de NFM op It Heidenskip en it Nederlânsk Kampioenskip yn Drylts wurde live útstjoerd fia in livestream by Omrop Fryslân. It Frysk Kampioenskip yn Winsum wurdt op sneon 19 augustus ek live útstjoerd op telefyzje en radio.