Personiel Wagenborg ûngerêst oer ôfskalen feartsjinst nei Waadeilannen

De fearboat Rottum fan Wagenborg Passagiersdiensten © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De plannen fan rederij Wagenborg om de tsjinstregeling nei It Amelân en Skiermûntseach ôf te skalen soarget foar ûnrêst en ûnwissens by it personiel. Dat fernimt it fakbûn CNV.
Wagenborg hat al lange tiid lêst fan de tichtslibjende fargeul tusken Holwert en It Amelân en tusken Lauwerseach en Skiermûntseach. De rederij hat it foarstel dien om nei beide eilannen minder ôffearten te dwaan, in reservearringssysteem yn te fieren en ienrjochtingsferkear yn te stellen.

Soargen

"Dat is een behoorlijke beperking ten opzichte van wat we nu gewend zijn", sei boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân tongersdei al. De boargemaster is benaud foar de gefolgen foar eilânbewenners as de plannen fan Wagenborg goedkard en trochset wurde.
Dy noed libbet ek by wurknimmers fan de rederij, seit Jan Kampherbeek fan CNV Vakmensen. "Personiel wol graach witte wat dit foar harren betsjut. De roasters wurde oars, der wurdt minder fearn. De wurktiden wurde dan miskien koarter en dat betsjut minder ynkommen." It bûn wol dêrom garânsjes fan Wagenborg foar de arbeidsbetingsten dy't no jilde foar de wurknimmers.
It Amelân © Shutterstock.com (R. de Bruijn_Photography)
Kampherbeek fynt boppedat de timing sa foar it fakânsjeseizoen ûngelokkich. Hy is benaud dat fakânsjegongers de dupe wurde fan de nije plannen en miskien net nei de oare kant kinne.
"Foar bygelyks kapteins en personiel jout dizze situaasje stress. It inoar passearjen, mar ek wat se dwaan moatte as der in soad minsken net oan board kinne. Hoe geane je om mei lilke toeristen? De feilichheid fan de minsken moat wol garandearre wêze."
It fakbûn docht in berop op de oerheid om mei garânsjes foar "blijvend veilige vaargeul" te kommen.