Liveblog
|
9 juny
112-nijs freed 9 juny: Auto hast it wetter yn | Skip 'fermist' op de Waadsee
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 9 juny, 21:29
21:29
KNRM siket nei skip by ferkearde eilân
De KNRM en de Kustwacht binne yn aksje kaam foar in skip dat fermist like op de Waadsee. Der kaam in melding binnen fan in skip dat drûchfallen wie. De opfarrenden tochten dat de boat wetter makke. De helptsjinsten hienen yn earste ynstânsje muoite om it skip te lokalisearjen. By de melding waard nammentlik sein dat de boat by It Amelân lizze soe, mar it wie by Skiermûntseach.
Uteinlik die bliken dat it skip heech en drûch lei. De helikopter fan de Kustwacht koe der njonken lânje. Fan in gefaarlike situaasje wie gjin sprake.
20:18
17-jierrige jonge yn it gesicht slein
In 17-jierrige jonge is tongersdeitejûn yn it Reidingpark yn Drachten yn it gesicht slein.
De plysje siket tsjûgen fan dit ynsidint. Sy meie harren melde fia 0900-8844.
19:37
Hânrem fergetten, auto rôlet hast it wetter yn
In frou dy't har auto yn in parkearfak yn Ljouwert parkearje woe, skrok har by it weromkommen in ûngelok.
Har auto hong nammentlik foar de helte boppe de grêft. De frou wie fergetten de auto op de hânrem te setten. Dêrtroch rôle de auto hast it wetter yn,
Minsken dy't foarby rûnen, draafden der noch efteroan om't se tochten dat der noch ien yn de auto siet, mar dat wie net gefal.
Een berger hat de auto boppe it wetter fuorthelle. De plysje sleat by dy aksje in part fan de dyk tydlik ôf.

18:41
Steuring spoarbrêge foarby
De problemen mei de spoarbrêge by Ljouwert binne ferholpen. De treintsjinst tusken Ljouwert en Deinum en Ljouwert en Snits wurdt wer ferfette.
17:22
Spoarbrêge defekt
Der is in fersteuring fan de treintsjinst tusken Ljouwert en Deinum en Ljouwert en Snits. In spoarbrêge is defekt.
De ferwachting is dat de problemen oant 19.15 oere oanhâlde sille.
16:19
Motorrider ferstoarn
In 75-jierrige man út Harns is om it libben kaam by de oanriding tusken in auto en in motor op de Westerzeedijk by Harns. Dat meldt de plysje.
It giet om de bestjoerder fan de motor. It ûngelok barde om 14.00 oere hinne. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.