HEA! Rindert en Foppe Douwes by de trekkertrekwedstriden

HEA! De bruorren Douwes
Yn Rinsumageast wurdt it Old Timer Festival holden. De bruorren Douwes fan Brantgum fjochtsje dêr de striid út, wa't de bêste is by de trekkertrekwedstriden. Dat moat tusken de bedriuwen troch, want der moat ek noch molken wurde.
De organisaasje fan dizze dei leit by Dikkie van der Kooi. Dy is dit evenemint 10 jier ferlyn op it hiem fan syn pleats begûn. Yntusken is it útgroeid ta in grutte, gesellige en machtich moaie dei mei in protte belangstelling. Der is in soad te dwaan en te sjen, seker mei de bruorren Douwes yn de baan.