Heechste risikonivo op natuerbrân fan krêft: de Fryske brânwacht stiet paraat

Natuerbrânfaze 2 wurdt sneon fan krêft. Troch de drûchte nimt de driging fan brân yn de natuer ta, dêrom is de Fryske brânwacht ekstra alert. As de flam echt yn 'e panne slacht, moat der hiel wat barre.
De feilichheidsregio's fan Fryslân, Grinslân en Drinte kundigje de warskôging offisjeel om middernacht ôf. Dy giet nei it heechste risikonivo: fan 1 (regulier gefaar) nei 2 (ferhege gefaar).
Ekstra alert
"By faze ien is it relatyf wiet. Mar faze twa betsjut dat wy alert binne, mei ekstra materieel. Mar ek dat wy gemeenten warskôgje", leit Jos van der Kooij fan Brânwacht Fryslân út. Hy hat as spesjalist natuerbrannen yn portefúlje.
Yn Europa komme hieltyd ekstremere natuerbrannen foar, troch drûchte, hjitteweagen en klimaatferoaring. "De aktualiteit helpt de brânwacht wol. Minsken binne har hieltyd mear bewust dat neat dwaan gjin opsje is", fertelt Van der Kooij.

Fryslân hat 13 natuergebieten dêr't ekstra maatregels nedich binne. Ien dêrfan is it Drents-Friese Wold, om't dêr tal fan saken byinoar komme.
It giet om natuer, lykas bosk en heide. Mar ek om rekreaasje, tink oan campings, de Bosbergtoren en oare foarsjenningen foar toeristen. Mar der rint ek in provinsjale dyk en der lizze meardere soarchynstellingen yn 'e bosk. "Dy kombinaasje, alles ticht opinoar, makket it in kwetsber gebiet."
Drents-Friese Wold ûnder de loep
Mar wat no as der wol in grutte brân ûntstiet yn de bosken by Appelskea? Dan is stap ien witte wêr't it fjoer begûn is, fertelt Van der Kooij. "In byld krije fan de situaasje, dêr draait it om."
Yn beboske gebiet is soks dreech: "Want lis sûnder strjitnammen mar ris út wêr't krekt it fjoer is." Van der Kooij wiist dêrom op de 112NL app: troch dêrmei te beljen is in lokaasje makliker te efterheljen.

Mei fariabelen lykas wynsnelheid, temperatuer en fegetaasje besiket de brânwacht yn kaart te bringen hoe't fjoer him útwreidet. Meastal is dat oer de grûn, yn gers en lege begroeiïng. "Wy hoopje net dat it yn 'e beammen komt, want dat is hast net te hâlden. Wy neame dat 'kroanfjoer', dan sit it yn de toppen. Mar 'grûnfjoer' komt it meast foar."
Pelotonnen
In folgjende stap is it opskalen fan de melding. In natuerbrân begjint standert as in 'middelbrân', mar faak giet it al nei in 'grutte brân' ta. Fjouwer weinen ride as earste út. Dat binne reguliere brânwachten út de omjouwing, dy't der it fluchst wêze kinne.
"Dêrnei roppe wy 'pelotonnen' op", seit Van der Kooij. Dat binne groepen fan hieltyd fjouwer weinen. "Foar it blussen, mar ek om mei wetter te riden yn in sirkwy."

Yn prinsipe is de ynstek om fan 'e dyk ôf te blussen. "Oars bringst dysels yn gefaar." De brânwacht besiket earst in 'offensive ynset': it gebiet yn om it fjoer út te krijen. As dat net slagget, folget 'definsive ynset.' Dat betsjut dat de brânwacht fan bûten ôf besiket foar te kommen dat it fjoer oerslacht.

Natuergebieten wurde ferparte yn 'kompartiminten', stikken dy't troch paden omheind binne. Noardeastlik fan de N381 binne sa'n fiif kompartiminten.
"Us doel is om een brân sa as fluch mooglik út te krijen, mar slagget dat net, dan lûke wy ús werom nei de grinzen fan sa'n kompartimint. Dêrbinnen mei it brâne, dat akseptearje wy. Mar wy wolle gjin oerslach nei in oar kompartimint", fertelt Van der Kooij. "Brân foarkomme je net. Mar it moat behearskber bliuwe."

Branwachtlju hawwe ferskate taktiken. Sy kinne wiete en drûge kearlinen ynsette. Wiet is mei wetter, wêrby't mei wiete diken besocht wurdt fersprieding tsjin te gean. En drûch is troch bygelyks fegetaasje fuort te heljen of in stik kontrolearre ôfbaarne te litten.
Tagelyk wurdt der opskaald yn GRIP-nivo. Dat jout de ympakt foar de omjouwing oan en betsjut dat oare helptsjinsten, oerheden en terreinbehearders alarmearre wurde. By in needsituaasje binne tal fan organisaasjes belutsen, al hat de brânwacht úteinlik de lieding.

As it nedich is, wurdt der úteinset mei evakuaasje. De soarchynstellingen hawwe eigen draaiboeken, mei om't bewenners net goed rinne kinne. It ûntromjen fan campings is in grutte operaasje: "Dêr sitte simmerdeis tûzenen minsken."
Mocht it echt út 'e klauwen rinne, dan kin der lanlik help frege wurde. Tink oan wetterhelikopters fan definsje of spesjalisearre teams út oare provinsjes.
In brân bliuwt altyd ymprovisearje. Mar as je der oan de foarkant oer neitinke, is dat al winst.
"In brân bliuwt altyd ymprovisearje. Mar as je der oan de foarkant oer neitinke, is dat al winst." En dat wurdt dan ek dien. Sûnt in pear jier bestiet der in 'gebietsrjochte oanpak.' Op syn minst ien kear it jier oerlizze tal fan belutsen partijen.
Dat is nedich om't belangen noch wolris trochinoar rinne. Natuerbehearders litte bygelyks dea hout lizze om't dat goed is foar it bioferskaat. Mar by in brân is dat just in risiko. "Wy prate wolris ferskillende talen, mar wy besykje inoar te begripen."
Wake-up call Wateren
Yn augustus 2018 wie der by Wateren in grutte heidebrân yn it Drents-Friese Wold. "Kollega's fan de brânwacht Appelskea hawwe it dêr noch hieltyd oer", fertelt Van der Kooij. "Dat wie in grutte wake-up call."

Dêrnei folgen tal fan maatregels. Der binne nije stekken pleatst, dêr't de brânwacht makliker troch kin. Beammen by de dyk del binne heger opsnoeid, sa't fjoer minder goed omheechklimt. Der kamen mear leafbeammen, om't dinnebeammen flugger baarne.
It gebiet krige trije kalamiteiteputten om grûnwetter brûke te kinnen: by de Kanadamar, Duinen Zathe en camping De Roggeberg. "En wy binne dwaande om by soarchlokaasje OlmenEs noch in put te krijen."

Dizze moanne sizze ferskate partijen yn in konvenant ta in bydrage te leverjen oan previnsje. Mar ek los dêrfan wurde tips dield. "Oer brânfeiligens: tink oan it frijhâlden fan dakken fan nullen dy't út beammen rûgelje."
It gearwurkingsferbân set draaiboeken op mei kaarten, foto's en moetingsplakken. Der wurde op lokaasje oefeningen en kontrôles útfierd. Natuerbehearders hâlde wichtige diken tagonklik.
Trochrinnend proses
It oanpassen fan plannen bliuwt lykwols in kontinu proses. Natuerbrannen freegje oare weinen, dy't hânsumer binne, mear wetter meinimme kinne en heger op de tsjillen steane. De beskikking hawwe oer drones soe ek moai wêze.
Mar Van der Kooij is tefreden oer de oanpak. "It bliuwt altyd sykjen, mar ik fernim dat eltsenien fan goede wil is."