Flugger sicht op wa't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan sleatten en oare wetters

Wannear't je bygelyks in sleat achterhûs hawwe, krije je no folle flugger fan wetterskip Fryslân te hearren oft je dy ek sels ûnderhâlde moatte of net. As dêr wat yn feroare, duorre it earder jierren foardat je dêr as boarger of boer wat fan fernamen.
Wa foar hokker ûnderhâld ferantwurdlik is, is werom te finen yn in ynteraktive kaart; de legger. Ek de funksje fan it wetter is dêr yn werom te finen. Dy ferantwurdlikheden ferskowe wolris en der komme bygelyks yn nijbouwiken ek nije wetters by.
Neist sokke feroarings, nimt de kâns ta dat der de kommende jierren wat feroaret yn ús wettersysteem.
Wa is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan sleatten en wetters?
Troch klimaatferoarings nimt de needsaak ta om bygelyks mear wetter fêst te hâlden. Wat der no regele is, is dat alle wizigings yn dy legger net mear jierren opsparre wurde foardat sy deryn komme te stean.
"Oanslach op it personiel"
"Dat wie in enoarme oanslach op it personiel", seit Gerard Oosterwoud fan Wetterskip Fryslân. Trochdat der technologysk mear en mear kin, wurde wizigings no net nei jierren, mar nei moannen oanpast. De lêste wiziging dêryn leit no ek op besjen. Belanghawwenden krije ek altiten in brief at der wat feroaret.