Gemeente Ljouwert: it dumpen fan ôffal is de lêste tiid tanaam

Der wurdt mear ôffal dumpt yn de Ljouwerter Vlietsône de lêste tiid. Dat seit de gemeente Ljouwert.
Sûnt jannewaris wurket de gemeente mei it ôffalsysteem Diftar. Minsken betelje de kilo restôffal. Dêrmei hopet de gemeente dat ynwenners har ôffal better skiede en der dus mear ôffal yn de gft-bak komt.
Súd-Europeeske tafrielen
It binne hast Súd-Europeeske tafrielen yn de strjitten fan de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen. Offalferwurker Omrin makket tongersdei ekstra rûntsjes om de wyk skjin te hâlden. It ôffalprobleem spilet lykwols yn folle mear wiken, lykas yn de Vlietsône.
Der wurdt mear ôffal dumpt yn Ljouwert
Foaral bewenners fan dy Vlietsône hawwe krityk op it nije ôffalsysteem yn de stêd. "Wij hebben flink geklaagd vorige week over het zwerfafval. Het veldje hierachter was niet meer toegankelijk. Het afval lag op sommige plekken een meter hoog", fertelt Nico de Koning van de Stichting Vlietvaardig. Sy sette har yn om fan de Vlietsône wer in leefbere wyk te meitsjen.
"Mentaliteitsprobleem"
Hoe mear ôffal, hoe heger de heffing mei it nije systeem. In stik earliker soenen je sizze, mar gefolch is dat guon bewenners it ôffal no dumpt, om sa kosten te besparjen. "Het werkt slecht. Het is een mentaliteitsprobleem en we kunnen duidelijk concluderen dat het met de samenstelling van deze wijk niet werkt", seit De Koning.
Minsken dy't yn in flat of appartemint wenje, betelje de klepbeweging fan de kontener yn de grûn, en dus wurde jiskepûden hielendal folsmiten. Dêrtroch blokkearje konteners dy't sa'n grutte pûde net oan kinne.

"De cijfers tonen aan dat de dumping van afval, is toegenomen in de wijk sinds vorig jaar. Dit is helaas een trend die landelijk ook zichtbaar is. De bijzet daarentegen is afgenomen in vergelijking met vorig jaar", sa seit de gemeente Ljouwert yn in reaksje.
Ek jiskemanlju fernimme dat der folle mear ôffal yllegaal dumpt wurdt. "It binne grutte bulten, jiskepûden, banken, matrassen. Eins fan alles. Je moatte der wol oer kinne", fertelt Jelmer van der Velde.
De kosten foar weismiten fan ôffal yn Ljouwert:
"Variabel deel Afvalstoffenheffing (tarief op restafval)
- Bedrag per kilogram in de sortibak (grijze container): 0,09 per kilo.
- Eigen sortibak (grijze container) bij huis laten legen: 1,00 per keer.
- Zak in ondergrondse restafvalcontainer: 0,73 per keer"
Boarne: Gemeente Ljouwert
Der folget ynkoarten in yngreven evaluaasje. In goede saak fynt de CDA-fraksje yn Ljouwert. Sy sjogge in direkt ferbân mei de ynfiering en de tanimming fan swalkôffal.
"Op guon plakken wie it al in troep, doe kaam it Diftar-systeem, mar it is net bepaald minder wurden", seit fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard. It CDA hat lykas de FNP nea grut foarstanner west fan it ynfieren fan Diftar. "Wy hawwe der muoite mei dat de druk foar jonge húshâldingen wol hiel grut wurdt. Jonge bern soargje no ien kear foar mear ôffal."
Neffens Goudzwaard is it dan ek goed dat de earste befinings mei it Diftar-systeem goed besjoen wurde. "Ik wol earst in evaluaasje. We moatte witte wat de sifers binne en hoe't de wethâlder dernei sjocht. De leefberens yn de Vlietsône is belangryk."