Noorderbreedte ûntslacht twa meiwurkers nei 'grinsoerskriedend ynsidint'

Bennema State © RTV NOF
Twa meiwurkers fan Soarchgroep Noorderbreedte binne ûntslein omdat se bewenners fan Bennema State yn Hurdegaryp peste hawwe soenen.
Noorderbreedte sprekt fan in 'grinsoerskriedend ynsidint'. De twa froulike meiwurkers dêr't it om giet, soenen pornografysk materiaal sjen litten hawwe oan in deminte bewenner fan it wensoarchkompleks. Dizze man wie seksueel 'ontremd' en rekke dus hielendal oerémis.
Boppedat soenen de twa beltsjelutsen hawwe by meardere bewenners dy't dêrtroch hiel ûnrêstich waarden. Ek gie ien fan de froulju by in bewenner yn bêd lizzen. De bewenster, dy't demintsy hat, snapte dêr hielendal neat fan.
Noorderbreedte hat in melding dien fan it ynsidint by de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd (IGJ). Ien fan de froulju hat har ûntslach by de rjochtbank oanfochten, mar sûnder sukses. De rjochtbank wie nammentlik fan betinken dat de ynsidinten reden genôch binne om de frou te ûntslaan.