HEA! Alles út de kofferbak yn Loaiïngea

HEA! Kofferbakferkeap
De kofferbak iepen, in kleedsje oer de grûn en ferkeapje mar. De kofferbakferkeap op it terrein fan deibesteging Somar yn Loaiïngea is ienfâldich fan opset, mar lûkt flink wat belangstelling. Kliïnten fan de deibesteging helpe mei mei de organisaasje mei kaartferkeap en it ynjitten fan kofje.
Der wurdt fan alles te keap oanbean troch de dielnimmers. Fan knine-autostoelhoezen oant tegeltsjes fan Tichelaar út Makkum. Mar dochs giet de hannel dreech, kleie guon ferkeapers. De sfear is der lykwols net minder om.