Heren Junioren yn Boalsert giet troch: oplossing foar fûn foar ûntbrekkende spiler

Keatserij yn Boalsert © Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma
Der is in oplossing betocht foar de lêste spiler dy't noch socht waard foar de Heren Junioren yn Boalsert. De teller fan it tal dielnimmers bleau by de sluting hingjen op 23 fan de 24.
Woansdeitejûn hat it bestjoer oerlis hân oer de kwestje. De oplossing is dat de lêste spiler freed bylotte wurde sil út de poel fan ferliezers. Sa krijt ien fan de ferliezers in twadde kâns en wurdt it achtste partoer fan twa man ek wer in folsleinen. Dêrmei kin de keatspartij gewoan trochgean.