Liveblog
|
8 juny
112-nijs tongersdei 8 juny: Automobilist botst tsjin pealtsje yn Hijum
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 8 juny, 21:15
21:15
45-jierrige man terjochte
De 45-jierrige man dy't sûnt 6 juny fermist waard út De Pomp waard is yn goede sûnens oantroffen, sa meldt SAR Nederland oan RTV NOF.
18:23
Automobilist botst tsjin pealtsje
Der hat in persoane-auto tsjin in ferkearspealtsje riden op de Brédyk yn Hijum. De ambulânsetsjinst hat de bestjoerder neisjoen, mar dy hoegde net mei nei it sikehûs.
Neffens in korrespondint hat de plysje in blaastest ôfnaam by de bestjoerder. De auto is weisleept troch in berger en de plysje hat de man nei hûs ta brocht. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend.

17:04
45-jierrige man fermist yn De Pomp
De plysje siket nei de 45-jierrige man. De wurdt sûnt 6 juny fermist. Hy waard foar it lêst sjoen by syn wurkjouwer oan de Foijingaweg yn De Pomp.
Hy is dêrnei mooglik yn de rjochting fan Drinte gien.
De man hat in bêzje túnbroek mei swarte banen, in blau shirt en swarte Sweedske klompen oan.

15:07
Foardoar fernield yn Ljouwert
De plysje fan Ljouwert meldt dat der yn de nacht fan woansdei op tongersdei in foardoar fan in wenning fernield is oan de Verlenge Schrans yn de stêd. In 53-jierrige Grouster is oanholden. De plysje ropt tsjûgen fan it ynsidint op harren te melden.
13:53
De fertraging op it spoar tusken Ljouwert en Grins is foarby
12:49
Twa moannen selstraf foar Georgyske 'tandpastadieven'
Twa Georgyske mannen ha ferline jier djoere toskfersoargingsprodukten stellen by Plus-supermerken yn Fryslân. De plysjerjochter hat it twatal 28-jierrigen by ferstek twa moannen sel jûn. Dat wie ek de eask fan de offisier fan justysje.
De manlju sloegen ta yn trije winkels en moatte oan de fêstigingen yn Heech en Balk in fergoeding betelje.