Hurdfytswedstriid Elfstedenrace strikt nije haadsponsor foar kommende trije jier

De finish fan de Visit Friesland Elfstdenrace 2022 © Visit Friesland Elfstedenrace
De hurdfytswedstriid Elfstedenrace is wis fan noch minimaal trije edysjes. It gokbedriuw Betcity sil de kommende trije jier de haadsponsor wêze.
Mei de komst fan de nije haadsponsor is it budzjet ferdûbele nei sa'n 150.000 euro en kin de organisaasje rekkenje op bettere teams.
Sa leit der al in tasizzing fan 3 WorldTour-teams. "Het gaat om Jayko AIUla, de ploeg van sprinter Dylan Groenewegen, Jumbo Visma en Team DSM. Dus we hebben in ieder geval drie van de beste teams op de wereld op dit moment. Uiteidenlijk verwachten we vijf of zes WorldTour-teams aan het vertrek te krijgen", seit organisator Thijs Rondhuis.
Nij is dit jier dat der ek in wedstriid foar rekreanteteams komt. Der komt in ploegetiidrit foar maksimaal 25 teams mei fjouwer hurdfytsers.
De profwedstriid stiet dit jier pland foar 4 oktober en is dan live te folgjen by Omrop Fryslân.