Gekrimmenear, sûnder resultaat: debat oer De Hem is in werhelling fan setten

De Hounspolder © Omrop Fryslân, Willem de Vries
In konstant gekrimmenear fan it publyk is de soundtrack fan de riedsgearkomste fan Ljouwert oer it bestimmingsplan fan De Hem by Goutum. It typearret in lang debat sûnder echt resultaat.
De tribune sit grôtfol mei minsken dy't bot tsjin de plannen binne foar de bou fan de nije wenwyk De Hem. En hoewol de foarsitter de tribune freget om net hurdop goed- of ôfkarring blike te litten, kin it publyk it sa no en dan net ynhâlde.
Krityske blikken op de publike tribune by it debat oer de Hounspolder © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Sikko Klaver fan koälysjepartij Gemeentebelangen (GBL) wol in moasje yntsjinje: "Kan de wethouder pas starten met de werkzaamheden als het bestemmingsplan onherroepelijk is geworden?" Dat is in winsk fan twa belange-organisaasjes.

Wachtsje op Ried fan Steat?

Geu Luik fan de VVD sjocht dat as in moasje fan wantrouwen rjochting de wethâlder. De natuerorganisaasjes en bewenners wolle nammentlik nei de Ried fan Steat stappe as it plan wol trochgiet.
It oannimmen fan de moasje soe betsjutte dat der mooglik ekstra útstel komt, oant de Rie fan Steat útspraak docht. Dat sprekt net fan betrouwen yn de plannen fan it kolleezje, sizze de VVD en D66. Wieke Goudzwaard fan it CDA: "It soe ús in goed idee lykje om betrouwen yn te bouwen foar de bewenners."
De rie fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It debat bestiet benammen út krityk op de plannen fan it kolleezje. Dy krityk is net mals, mar ek in werhelling fan setten yn de lange diskusje dy't oer De Hem giet. Sa seit Jan Willem Tuininga fan de FNP: "Rapporten en ûndersiken litte sjen dat de bou by De Hem in ekologyske ramp wêze sil foar it greidefûgelgebiet de Hounspolder. Dit is in ûnferantwurdlik en ûntrochtocht idee"

'Akseptabel troch kompensaasje'

Neffens Dirk Visser fan de PvdA sil dat net gau barre: "We zijn content met de aanpassing van de bufferzone. Ook zijn we blij mei vogeleiland De Waard als compensatie. Ook in De Hempens en Meerpolder doet de Grutto het uitstekend." In sucht út it publyk.
Kevin Oudhuis fan Forum voor Democratie slút him by de krityk oan: "Wil GroenLinks nou groen opofferen om huizen te bouwen en de schade voor lief nemen?" Wim Spoelman fan GrienLinks: "Het gaat hier over het bestemmingsplan, niet over besluiten van eerder. Het wringt wel, maar door compensatiegebieden, vinden wij het acceptabel."
"Grutsk binne wy net, mar wy hawwe in kompromis sluten"
Sikko Klaver, Gemeentebelangen
Benammen Sikko Klaver fan Gemeentebelangen (GBL) moat him flink ferdigenje. It behâld fan 'e Hounspolder wie in wichtich punt yn it ferkiezingsprogramma. Dêr hawwe se in soad stimmen mei lutsen yn Goutum. No sit de partij yn it kolleezje, dus stimme se mei foar de plannen. Dêrtroch fiele Goutumers har yn de sek naaid.

"Grutsk binne wy net"

Klaver: "Grutsk binne wy net, mar wy hawwe in kompromis sluten." Sawol D66, VVD en FNP wolle fan Klaver witte wat se dan wol út de ûnderhannelingen helle hawwe. Om dat te kommunisearjen nei de stimmers. Nei wat hinne en wer pingelje, seit Klaver dat der ekstra jild foar in oantal fûnsen beskikber komt. Ta grutte ûntefredenheid fan it publyk.
Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert (PvdA) © Omrop Fryslân
Wethâlder Hein de Haan seit dat de plannen goed úttocht binne: "Het is een belangrijk plan dat de gemoederen al een tijdje bezig houdt. De bezwaren worden hier concreet. Dit vraagt om een zorgvuldige afweging. Honderden mensen hebben meegedacht, maar dat lost niet alle belangentegenstellingen op."

Kompensaasje

"De kwaliteit van de Hounspolder hebben we niet over het hoofd gezien. Er is rekening gehouden met de verplichte compensatie. Er komt een compensatiepakket, dus kan de bouw van De Hem ook. We proberen bovenop de wettelijke verplichtingen nog compensatie aan te vullen, door bijvoorbeeld verder te investeren in De Waard."
Neffens wethâlder Hein de Haan ferjitte de tsjinstanners wolris it belang fan wenningsikers.
De bewenners en organisaasjes dy't oant de ein fan de lange jûn bleaun binne, sille nei alle gedachten mei in flinke kater wekker wurde. Want feroaringen komme der nei alle gedachten net, it gekrimmenear te 'n spyt. 21 juny sil der nei alle gedachten in definityf beslút falle.