Sytse Bokma ljept it fierst fan dit seizoen yn it kâlde Winsum

© Martin de Jong
Sytse Bokma fan Hylpen hat woansdeitejûn de fierljepwinst pakt yn Winsum. Mei in sprong fan 20.83 meter ljepte hy it fierst fan alle Friezen en Hollanners dit seizoen. By de Dames yn de topklasse wûn Femke Rispens, mar ferrassingen wienen by de jongere dielnimmers te finen.
Bokma begûn de finale al ferrassend goed mei in sprong fan 20.20 meter, syn earste sprong boppe de 20 meter. De ôfstannen fan syn tsjinstanners yn de finale kamen net yn de buert. Bokma liket it goed te dwaan yn Winsum, de ôfrûne kear wûn hy ek op dizze skâns.
Sytse Bokma ljept it fierst fan dit seizoen yn it kâlde Winsum
"Dat Winsum my lei wist ik wol, mar dat it hjoed ek sa best lizze soe wist ik net. It gie prachtich jûn", seit er nei de tiid. Troch syn goede technyk kaam er safier, ferklearret Bokma: "Dat is wol dêr't je it fan hawwe moatte. Dêrnei sette je de stok wat fierder. Dy earste finalesprong gie prachtich, der bin ik hiel bliid mei."
De winnende sprong fan Sytse Bokma
Opfallend wie ek de prestaasje fan Germ Terpstra fan Tzum by de junioaren. Mei in sprong fan 19.29 meter behelle hy syn tredde junioarenwinst. En de jongerein wiene woansdei op dreef.
De winnende sprong fan Germ Terpstra
Noa de Boer fan Exmorra springt yn de famkesklasse persoanlik rekôr nei persoanlik rekôr en behelle mei 14.86 meter de finale. Dêr sprong sy as iennige net wiet en kaam beide kearen tsjin de 13 meter oan. In grut talint dus. Sy begûn it jier noch yn de twadde klasse mar waard nei fjouwer wedstriden promovearre en stie ek al gau yn de earste klasse yn de liederstrui.