Nije azc's moatte komme om Ter Apel te ûntlestjen mar Fryslân sit oan de grinzen

© Omrop Fryslân
Fryslân sit oan syn grinzen at it giet oer de opfang fan flechtelingen. Dat sei foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio tiisdeitejûn yn it Veiligheidsberaad mei 25 boargemasters. "De vraag is op dit moment hoger dan het aanbod, iedere keer als je meer levert komt er meer vraag bij."
Yn it beried waard praat oer it fersyk fan steatssiktaris Eric van der Berg om trije of fjouwer lokaasjes te leverjen om it oanmeldsintrum yn Ter Apel te ûntlêsten. Yn dizze saneamde 'overlooplocaties' is plak foar 500 flechtelingen. Ien lokaasje is yntusken fûn yn de Expo yn Assen.
Overloop
Buma fielt wol de morele ferplichting om mei te sykjen nei in geskikte lokaasje, seit hy: "Ik zeg niet nee, ik zeg alleen het wordt heel moeilijk. Tegelijkertijd vind ik een opvang waar mensen maar een paar nachten zijn, een waar we echt we naar moeten zoeken."

Ter Apel

Hy sjocht ek dat Ter Apel it net allinnich dwaan kin. "En de transporten vanuit Ter Apel elders naartoe kunnen ook niet honderden kilometers afleggen. We doen dus ons best maar kunnen niks beloven."
Grutste probleem is net it finen fan plakken dêr't minsken oernachtsje kinne, der moat ek ûnderwiis en soarch levere wurde kinne.
Fred Veenstra is foarsitter fan de Feriening Fryske Gemeenten. Hy sit geregeld mei de provinsje oan de saneamde regytafel oer de opfang fan flechtelingen. Veenstra seit dat Fryslân al in heel soad docht op dat mêd. "Sjoch mar nei de azc's dy't der no al binne en dy't der mooglik noch komme yn Snits, Ljouwert en op it Hearrenfean."

Grinzen berikt

Yn syn eigen gemeente De Fryske Marren rint op dit stuit in ûndersyk nei in gaadlike lokaasje foar in asylsikerssintrum foar minstens tsien jier.
Neffens Veenstra binne de grinzen yn ús provinsje sa'n bytsje berikt. "It is mar de fraach oft we kwa mankrêft en lokaasjes noch mear dwaan kinne."
Hy hopet dat de spriedingswet der gau komt. Mei dizze wet kin it kabinet gemeenten twinge om flechtelingen op it fangen. "Dan witte we wêr't we oan ta binne en wat elke gemeente dwaan moat."