Krityk op plan minister Wiersma: "Ieder kind heeft recht op volwaardig onderwijs"

© ANP
Om nettsjinsteande it leararetekoart dochs ûnderwiis oanbiede te kinnen oan nijkommers, wol minister Wiersma skoallen ûnder betingsten tastean om net-befoege personiel foar de klasse yn te setten. Nijkommers kinne dan minstens 12,5 ûnderwiis de wike krije.
Sa'n 2.000 jongeren dy't koartlyn yn Nederlân kaam binne, sitte op it stuit thús, wylst se eins op de middelbere skoalle sitte moatte hienen. In soad skoalle ha ek wachtlisten. By de Internationale Schakelklas fan Snits kinne se deroer meiprate.
"Wij hebben nu een wachtlijst van ongeveer tien leerlingen", fertelt Cora van der Haar. "Daar kunnen we bijna trots op zijn, want sommige andere ISK's zitten zo vol dat ze zelfs een leerlingenstop hebben ingevoerd."
Minister Dennis Wiersma © ANP
Van der Haar fynt it gjin goed idee om yn de wet fêstlizze te litten dat learlingen op syn minst 12,5 oere yn 'e wike les krije moatte. Dêrmei wurdt eins oanjûn dat je akkoart geane mei minder ûnderwiis.
"Nieuwkomers tot 18 jaar zijn, net als alle andere kinderen in Nederland, leerplichtig. Een gemeente die een azc opent is dus ook verplicht om volwaardig onderwijs te organiseren: 30 uur per week. Natuurlijk zou je in tijden van crisis iets anders kunnen verzinnen, maar dat moet niet gaan gelden voor alle nieuwkomers."
Yn stee fan Wiersma syn plan, wol Van der Haar dat it probleem by de kearn oanpakt wurdt. "Een oplossing is om in te zetten op minder grootschalige crisisopvang. En er moet een verplichting komen dat er bij een crisisopvang direct een volwaardig dagprogramma is voor leerlingen."
Zij hebben ook recht op volwaardig onderwijs
Cora van der Haar oer nijkommers
By lytsskaligere opfang slagget it neffens har earder om alle dagen ûnderwiis te organisearjen. "Maar het is onderdeel van een groter probleem. Het feit dat leerlingen regelmatig moeten verhuizen van crisisopvang naar azc naar een ander azc maakt ook dat er geen continuïteit in onderwijs is en dat er wachtlijsten komen."
Se pleitet der dêrom foar dat der gjin inkele krisisopfang mear iepen giet, oant der in deiprogramma - ynklusyf ûnderwiis - foar jongerein mooglik is. "Die kinderen zijn ook inwoners van Nederland, zij hebben ook recht op volwaardig onderwijs. En dus moeten we niet terugvallen op 12,5 uur per week."
De Twadde Keamer moat noch te set oer it plan fan Wiersma. Dy hopet syn wet dêrnei noch foar de simmer troch de Earste Keamer te hawwen.