Vermilion sjocht ôf fan gaswinning yn Koloniën van Weldadigheid, Noardwâlde wol in opsje

Frederiksoard © Koloniën van Weldadigheid
Vermillion sil gjin boartuorren pleatse op plakken dêr't it UNESCO wrâlderfguod De Koloniën van Weldadigheid skea oprinne kin. Dat lit it bedriuw witte oan RTV Drenthe. De mooglike boarlokaasje eastlik fan Noardwâlde bliuwt foarearst wol in opsje.
Vermillion hat it beslút naam dizze lokaasjes by Vledderveen net mear foar te stellen. Dan hoecht it bedriuw minder ûndersyk te dwaan. Vermillion hat neffens in ûnôfhinklike kommisje noch hieltyd net goed yn byld wat de gefolgen binne foar it wrâlderfguod en de natuer.
As dat net goed útsocht is, mei Steatssekretaris Hans Vijlbrief noch gjin definitive boarlokaasje kieze.
Vermillion oer gasboaringen
Dit betsjut net dat de gaswinning folslein fan tafel is. Op dit stuit bliuwe der fiif lokaasjes oer. Fjouwer dêrfan lizze yn de omkriten fan Vledder yn Drinte, in oare leit yn de buert fan Noardwâlde. Vermillion moat noch wol ekstra ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan gaswinning op it Drents-Friese Wold.

Net yn de achtertún

Minne Wiersma fan Maatschappij van Weldadigheid is feromme oer it beslút, mar sjocht it leafst hielendal gjin gaswinning, seit er tsjin RTV Drenthe: "Wij zijn niet tegen of voor gaswinning, maar niemand wil gaswinning in de achtertuin."
© RTV Drenthe
"Wij vragen ons af waarom er precies hier (red. yn de Koloniën) naar gas moet worden gewonnen. We zijn hier heel innovatief bezig met verduurzamen. Al is het wel een uitdaging om van het gas af te gaan in deze oude Rijksmonumenten."
It is noch net dúdlik wannear't de Steatssekretaris foarkarslokaasjes oanwiist. Nei alle gedachten is dat foar de simmer.