Emma van der Let (14) sammelet jild yn foar de bewenners fan ôfbaarnde pleats Boerum

Fiif dagen nei de grutte brân yn in wenpleats oan de Keegensterweg yn Boerum, hat in crowdfundaksje foar de troffen bewenners al sa'n 6.000 euro opsmiten. By de brân gong de hiele wenpleats ferlern. Buorfamke en freondinne fan de soan fan de famylje Emma van der Let, noch mar fjirtjin jier âld, ûndernaam aksje.
"Ik bin hiel goed befreone mei de soan fan dy minsken en ik seach hoefolle pine oft dy minsken hiene dy't dêr wennen, dus ik woe hiel graach helpe. Ik haw even oan it 'googeljen' west, toen kaam ik crowdfunding tsjin en tocht: dat kin ik ek wol besykje."
Om't Van der Let net fier fan de pleats ôfwenne wie it dy freedtejûn 26 maaie al gau dúdlik dat der wat mis wie: "Ik hearde al wat sirenes om ús hinne, dus wy gienen efkes bûten sjen en ús buorfrou kaam oanfytsen en dy sei al: der is hiel folle reek."
Alles kwyt
Se die in appke nei de buorjonge om te freegjen of it syn hûs wie. Sels wie hy net thús en hie neat yn de gaten. Fan de wenpleats is hast neat oerbleaun. De bewenners en de bisten koene op tiid út de pleats komme, mar se binne wol al har besittingen kwyt. De pleats hie in reiden tek en troch de hurde wyn sloech it fjoer fluch om him hinne.

"It is hiel apart", seit Van der Let. "It is allinnich it hús en de skuorre dy't fuort binne. Deromhinne is it noch hiel grien. Fierder steane allinnich noch mar twa muorkes oerein."
Soad stipe
De bewenners krije in soad stipe fan it doarp. Op twadde Pinksterdei rommen sa'n fjirtich ynwenners isolaasjemateriaal en stikjes sinnepanielen op dy't troch de brân yn de omkriten bedarren. Ek sammele it doarp flessen yn, dêr is oant no ta 200 euro mei ophelle.
Op de crowdfundingswebside stiet it ophelle bedrach yntusken op goed 6.000 euro: "Ik fyn it echt geweldich, it is fansels noch net wat we hawwe wolle, mar it is wol echt net te beskriuwen. De fersekering kin nammentlik net alles fergoedzje en dy minsken binne echt, echt alles kwyt."