DHSC-spiler foar fyftjin moannen skorst nei knock-out slaan fan spiler VV Bûtenpost

DHSC-spiler Emre Bal is troch de tuchtkommissje fan de KNVB skorst foar fyftjin moannen. Dat meldt RTV Utrecht. Bal krijt de straf om't er yn april in spiler fan VV Bûtenpost in klap joech. It slachtoffer gie dêrtroch knock-out.
De oanfaller mei pas op 5 augustus 2024 wer yn aksje komme. Bal woe tsjinoer RTV Utrecht net reagearje op de útspraak.
Nei assistint-trainer Jeffrey Sneijder rûn ek in ûndersyk. Hy is lykwols frijsprutsen om't út de bylden net bliken die dat Sneijder ien by de kiel hie, mar dat dit krekt by him barde.