Soad belangstelling fan boeren ferwachte foar subsydzjes om stikstofútstjit te ferminderjen

Melkkij © ANP
Fryske melkfeehâlders kinne fan hjoed ôf subsydzje oanfreegje om de stikstofútsjit op harren bedriuw te ferminderjen. Der is yn totaal 55 miljoen euro beskikber yn de trije noardlike provinsjes.
It earste part fan dy subsydzje wurdt no iepensteld, dat giet om 13,75 miljoen euro. "It is foar alle boeren", seit Sander de Vries, beliedsmeiwurker lânbou en stikstof by de provinsje. "Dat slagget noch net mei dy 55 miljoen euro, mar in protte boeren moatte meidwaan kinne."
De earste yndruk fan De Vries is dat der in soad belangstelling foar de subsydzje is. Melkfeehâlders kinne dy subsydzje oanfreegje by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. De telefoan stiet op de earste dei readgleon.

Foar advys en maatregels

Mei de regeling wolle Fryslân, Grinslân en Drinte de stikstofdelslach ferminderje, benammen yn oerbelêste Natura 2000-gebieten. De subsydzje is oan te freegjen foar advys oer it ferminderjen fan de útstjit op in bedriuw, bygelyks hoe't de kij langer nei bûten kinne of hoe't it oandiel aaiwyt yn it fretten nei ûnderen kin.
"Dy adviseurs sille it miskien wol wat drokker krije", seit De Vries. "We hoopje ek dat der wat mear by komme."
Njonken advys kinne bedriuwen jild oanfreegje foar maatregels en ynvestearringen (80 prosint fan de kosten, oant maksimaal 60.000 euro), dy't de ammoniakútstjit út de stâl ferminderje. Dat soe kinne mei in dongrobot, mei sproei-ynstallaasjes foar de stâlflieren en it wurkjen mei magnesiumgloride op de flier.
De provinsje ferwachtet dat de stikstofútstjit op in bedriuw sa mei 20 prosint werombrocht wurde kin. Dat moat folslein te'n goede komme oan de natuer.