Biste-organisaasjes dogge oanjefte fan bistemishanneling by Kallemooi op Skiersmûntseach

© RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
Trije bistebelangeorganisaasjes hawwe oanjefte dien fanwege it brûken fan in hoanne by it Kallemooi-feest op Skiermûntseach. Dat barde yn it Pinksterwykein.
It giet om de organisaasjes Comité Dierennoodhulp, House of Animals en Caring Vets. Sy beskôgje de tradysje as bistemishanneling. By Kallemooi wurdt in hoanne trije dagen lang yn in koer op in 18 meter hege mêst hong. De organisaasjes fine dat de Kallemooi Commissie en de eigener fan de hoanne dêrmei de 'Wet dieren' oertrêden hawwe.
Biste-aktivisten meitsje al jierren beswier tsjin de tradysje op Skier, in rjochtssaak om it evenemint tsjin te hâlden rûn lang lyn op neat út. Ek de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland seach doe gjin reden om Kallemooi tsjin te hâlden.