Ype Duhoux is teplak yn Súd-Frankryk: "It Frânsk giet aardich, mar Frysk is myn memmetaal"

Wurdumer Ype Duhoux hat in aardich rûntsje makke: hy is berne yn Fryslân, wenne doe earst yn Dútslân, dêrnei trije en in heal jier yn Amearika. Hy kaam yn 2002 werom nei Amersfoort en wenne oant 2018 wer yn Wirdum. Yntusken hat er tegearre mei syn frou de stap makke nei Frankryk.
De 64-jierrige Fries koe dêr yn 2019 hinne foar wurk. "Ik ha it doe oerlein mei myn frou en sy woe eins ek wol mei." Yn 2020 ha se dêr in hûs kocht.
Wat him befalt oan Frankryk, is dat de easken wat wurk oanbelanget wat losser binne. "Yn Fryslân is in soad leeftiidsdiskriminaasje, je ha dan te folle ûnderfining. Yn Frankryk is dat in stik minder." It learen fan de Frânske taal wie wol in grutte stap. "It is fjirtich jier lyn dat ik foar it lêst Frânsk hân hie op skoalle."

Doe't se dy kant op soenen, ha se earst de omjouwing wat besjoen. "Wy wienen by freonen yn Dútslân, doe binne we trochriden nei Frankryk. Wy ha dêr wat omriden en sjoen wêr't wy dan graach wenje wolle soene. Efkes wenne oan it idee."
Hotels
Ype pendele earst noch fan hotels nei syn wurk. Op in gegeven stuit hie er in apartemintsje. "Myn frou Ida is yn febrewaris 2020 kaam. De bern kamen doe ek noch del, dat wie noch krekt op tiid foar de coronaperioade."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
"Wy binne no in hiel soad tegearre", seit Ype. As er net oan it wurk is tennisset er graach mei kollega's, en hy is ek aktyf oan it rinnen gong. "Myn frou docht twa kear yn de wike in taalkursus Frânsk."
Se kinne harren nei in pear jier goed rêde. "Wy binne hjir no fjouwer jier en it slagget wol aardich. It kontakt mei de buorlju en de kollega's giet ek bêst."
Frânske libben
Der binne wol wat ferskillen tusken Fryslân en Frankryk. "It is oar folk as yn Fryslân. As je hjir bygelyks útnoege wurde, dan is dat fan de ein fan de middei oant in oere as sân. Om acht oere hinne ite se hjir meast."

Oer it algemien is it goed fertoevjen yn it heuvelachtige suden fan Frankryk, seit Ype. Hy wennet mei syn frou yn Saint-Péray, hûndert kilometer súdlik fan de stêd Lyon. "It is in wat grutter plak, mei mear as fiiftûzen ynwenners en genôch winkels. At we oardel oere ride sitte wy oan de kust."
"Wurdum is in slach lytser", seit Duhoux. "At je dêr wenje en opgroeie, dan kenne je elkenien. Sa is it hjir fansels net."
Fryske taal
Hy hat op in soad plakken west en wenne, mar Fryslân en it Frysk bliuwe wichtich foar Duhoux. "Wy komme eins alle jierren mei Himelfeart of Pinksteren werom by freonen en famylje", fertelt er. "En wêr't wy ek hinne gongen, wy ha altyd Frysk praat thús. Ek mei de bern. Ik app ek yn it Frysk, it Frysk is myn memmetaal."