De earste simmerske dagen binne op komst en dat is twa wiken letter as gewoan

It kwik kin dit wykein rûnom yn de provinsje samar ris boppe de 25 graden út komme. Dêrmei soe de earste offisjele simmerdei in feit wêze, want sa waarm hat it dit jier noch net earder west.
De earste simmerske dei fan it jier hat dêrmei langer op him wachtsje litten as oars. Gemiddeld yn de ôfrûne mjitperioade (1991-2020) falt dy dei yn Fryslân nammentlik ein maaie, op de 27e.
Dit jier komt dy simmerske dei twa wiken letter as oars, mar dit wykein is it dan sa fier, seit waarfrou Tjitske Wiebenga. "Freed begûn it wat op te waarmjen, doe wie it noch in graad as 23 op it fêstelân. Koene minsken der efkes oan wenne." Op in pear plakken yn it suden en súdeasten waard it freed al krekt waarmer as 25 graden, mar noch net op it mjitstasjon yn Ljouwert.
27 graden
"Sneon wurdt de earste simmerske dei mei sa'n 27 graden, yn elk gefal yn Ljouwert en fierder de provinsje yn", seit de waarfrou. Oft dat op de Waadeilannen ek sa is, doart se noch net te sizzen. "It Waadgebiet hinget der noch wat om, it wurdt spannend oft dat de 25 hellet, want it wetter is noch oan de frisse kant."
It KNMI sammelet al sûnt 1951 waargegevens fan Fryslân mei it mjitstasjon op de fleanbasis yn Ljouwert. De sifers yn dit artikel binne basearre op de gegevens fan dat stasjon. Yn Starum stiet ek in mjitstasjon, dy is yn 1990 pas yn gebrûk naam.
Der moat wol by sein wurde dat 27 maaie foar de earste simmerske dei ek mar in gemiddelde is. Sa moast Fryslân yn 1999 leafst oant 11 july wachtsje op simmerske temperatueren. Yn 2007 wie it just betiid waarm waar, doe waard it op 15 april al 25 graden.

Mar hoe kin it no krekt dat de earste simmerske dei it iene jier yn april al falt en it oare pas yn july? Dat hinget fan in soad faktoaren ôf. It ferrin fan de maitiid spilet dêr in grutte rol yn, fertelt Wiebenga. "Wy ha no bygelyks in hiele wiete maitiid hân mei in hiel soad wyn út it noarden en noardwesten wei. Dan duorret it gewoan langer."
"Foar hege temperatueren ha je in kontinintale wyn nedich, wyn dy't oer it lân komt, út it easten of súdeasten. Dan hast drûgere lucht dy't gau opwaarmet."
Simmerske dagen
Troch al dy faktoaren skommelet net allinnich de dei wêrop't de earste simmerske temperatueren metten wurde troch de jierren hinne bot. It tal saneamde simmerske dagen yn in jier ferskilt ek sterk. Sa waard it yn 1993 trije kear waarmer as 25 graden en koarter lyn, yn 2021, ek mar sân kear. Yn trochsneed telt Fryslân goed 15 simmerske dagen yn it jier.

It falt dan ek wolris de oare kant út. Yn 2006 en 2018 waarden respektyflik 30 en 32 simmerske dagen registrearre: twa kear mear as gewoanwei.
Opwaarming
Neffens Wiebenga is it net tafallich dat de jierren mei mear simmerske dagen as oars resinter yn de mjitperioade foarkomme. "Je sjogge it dúdlik as je de mjitperioaden mei-inoar ferlykje. De gemiddelden rinne de ôfrûne desinnia gewoan op en dat hat te krijen mei de opwaarming fan de ierde."
De kâns op mear simmerske dagen yn it jier wurdt dêrmei hieltyd in bytsje grutter. It hat ek ta gefolch dat de earste dei mei 25 graden of heger yn Fryslân hieltyd krekt wat betider yn it jier falle sil.
Noarden stik minder waarm
Wat út alle sifers ek opfalt, is it grutte ferskil tusken de Fryske sifers en dy fan De Bilt yn de provinsje Utert, dêr't it sintrale mjitstation fan it KNMI stiet.
Yn 2018, it jier mei 32 simmerske dagen yn Fryslân, telde it KNMI op De Bilt 55 sokke dagen. Ek falt de earste simmerske dei dêr gemiddeld twa wiken earder al, nammentlik op 13 maaie. In grut ferskil op in relatyf lytse ôfstân, mar Wiebenga wit hoe't dat komt.

"It hat der foaral mei te krijen dat de wyn hjir yn it noarden hiel faak oer it wetter komt. Is it net de Iselmar, dan komt it wol fan de Waadsee. Dêr komt ek by dat it mjitstasjon yn Ljouwert bêst wol noardlik leit. Hie it mjitstasjon op It Hearrenfean of yn Drachten stien, dan hienen de ferskillen lytser west."
Yn De Bilt waard it earder dizze wike al sa'n 28 graden. Yn Ljouwert hat it dit jier lykwols noch net waarmer as 25 graden west. Mar mei in foarsizzing fan 27 graden foar saterdei en mooglik noch in graad waarmer foar snein, kin it hast net oars as dat wy dit wykein de earste simmerske dei skriuwe.