700 Fryske meiwurkers sosjaalwurkbedriuwen nei Utrecht foar aksjedei

It wurdt de grutste aksje oant no ta: tûzenen wurknimmers mei in wurkbeheining sille hjoed te demonstrearjen yn Utrecht. Se wolle dat de cao iepenbrutsen wurdt en de leanen ferhege.
Yn de ôfrûne wiken ha der al mear as 90 wurkûnderbrekkingen west, fertelt Elanda de Boer fan it fakbûn FNV. Dy aksjes wienen ûnder oare by Caparis en Empatec. "Dat was allemaal in opmaat naar de landelijke actiedag, waarvoor zich ruim 8.000 mensen hebben aangemeld." Dêr sitte sa'n 700 Friezen by, is de ferwachting.
De fakbûnen en wurknimmers binne it der net mei iens dat in part fan de gemeente-amtners wol in leansferheging krigen hat, mar fan de sosjale wurkfoarsjenning net. Dy 75.000 minsken falle ûnder in oare cao. "Het gaat niet meer alleen om geld, maar ook om een sterk gevoel van onrechtvaardigheid."
By sosjaalwurkbedriuwen wurkje minsken ûnder twa cao's. De iene groep, de minsken fan de sosjale wurkfoarsjenning (sw) falle ûnder in oare cao as de amtners dy't by it bedriuw wurkje, lykas de stêf, begelieding en de direkteur. Dy groep krige fia de cao bygelyks in ynflaasjekompensaasje en ek in salarisferheging. De groep sw-meiwurkers net.
De meiwurkers fan de sosjaalwurkbedriuwen wolle goed 10 prosint leansferheging en in reiskostefergoeding fan 0,21 euro de kilometer (is no 0,10 euro). De Boer: "Ze kunnen vanwege de gestegen prijzen nog nauwelijks rondkomen met hun loon. Toen we de werkgevers vroegen om compensatie was er begrip, maar niets mogelijk."

De measte gemeenten sizze de meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenningen wol mear betelje te wollen, mar dêr net genôch jild foar te hawwen. Dat jild soe neffens harren fan it Ryk komme moatte.
"Werknemers van sociaalwerkbedrijven worden, in tegenstelling tot de gemeenteambtenaren, betaald uit geld dat de gemeenten van het Rijk krijgen", lit in wurdfierder fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) witte oan parseburo ANP. "Wij hebben er bij minister Carola Schouten voor Participatie op aangedrongen om meer geld beschikbaar te stellen."
Hurdere aksjes
FNV-bestjoerder De Boer hopet dat de aksje fan woansdei wat opsmyt, ek al ha eardere aksjes noch gjin resultaat sortearre. "De acties worden steeds harder en we merken ook dat we steeds meer steun krijgen, ook van wethouders. We krijgen bovendien toestemming van de directeuren van de werkbedrijven om actie te gaan voeren."
En as de aksjes fan woansdei ek net fuort helpe, dan wit De Boer al wat der dan gebeure moat. "Dan gaan we ons volgende week laten zien bij het VNG-congres in Groningen."
By de demonstraasje fan woansdei binne ferskate sprekkers, ûnder wa guon wurknimmers dy't fertelle wat de situaasje mei harren docht. It begjint om 11.00 oere.