Twadde Keamer wol Lelyline realisearje as kompensaasje gaswinning Grinslân

© Shutterstock.com (Batbunny)
De Twadde Keamer wol dat de Lelyline der komt as kompensaasje foar de gaswinning yn Grinslân. Dêr liket in mearderheid foar te kommen yn it Keamerdebat oer de parlemintêre enkête.
By de offisjele reaksje fan it kabinet op de parlemintêre enkête yn april waard bekendmakke dat der 30 jier lang 250 miljoen euro yn it jier nei Grinslân giet om bygelyks wurkgelegenheid te stimulearjen. De Twadde Keamer liket der no op oan te stjoeren dat dat jild ek nei de Lelyline giet.

Treinferbiningen

Der lizze twa grutte plannen om de berikberheid fan Grinslân mei de trein te ferbetterjen. De Nedersaksenline (fan Emmen nei Stadskanaal) en de Lelyline, dy't by It Hearrenfean en Drachten delrinne moat.
De plande rûte fan de Lelyline © Omrop Fryslân
Neffens fraksjefoarsitter Mirjam Bikker fan de ChristenUnie is der no teloarstelling yn Grinslân oer de plannen dy't der lizze foar it iepenber ferfier: "Of het nu gaat om het provinciale ov, de Lelylijn of de Nedersaksenlijn. De laatste twee moeten gerealiseerd worden. Ook tussen Stadskanaal en Emmen."
Mei de stipe fan de ChristenUnie liket it derop dat de plannen in mearderheid behelje. By it debat oer de gaswinning yn Grinslân fan tiisdei, is in soad krityk op minister-presidint Mark Rutte.
Sa seit Keamerlid Nijboer fan de PvdA dat er tinkt dat Rutte liigde tsjinoer de enkêtekommisje. Op woansdei giet it debat fierder. Wybren van Haga (BVNL) hat in moasje fan wantrouwen yntsjinne.