Liuwinne Vasylyna út de oarloch yn Oekraïne nei Nijeberkeap helle

De Oekraynske liuwinne Vasylyna © Four Paws, Svitlana Dmytrenko
De jonge liuwinne Vasylyna is ûnderweis nei Fryslân. Se ûntsnapte ferline jier yn de buert fan de stêd Charkiv, yn it easten fan Oekraïne. Dêrnei libbe se op strjitte.
Yn Nijeberkeap ha se in opfangsintrum foar liuwen en tigers: Felida. Dat is ûnderdiel fan bistewolwêzensorganisaasje Four Paws, dy't ferline jier hearde fan it ferhaal fan Vasylyna.
"Het is een behoorlijk treurig verhaal", seit Juno van Zon fan it opfangsintrum. "Ze werd in Charkiv gehouden als huisdier. Tijdens de oorlog is ze ontsnapt uit het huis." Dêrnei dwaalde se om yn in doarpke yn de buert, dêr't se úteinlik fongen en opfongen is. Se wie doe krekt in jier âld.

Soad stress

De stress dy't de jonge liuwinne trochstien hat, moat neffens Four Paws ôfgryslik grut west ha. Se koe mar tydlik yn in opfangplak yn Oekraïne bliuwe. It doel wie al gau om har nei Fryslân te heljen, mar dat wie net maklik.
"Het klinkt saai", seit Van Zon. "Maar een van de grootste problemen is al het papierwerk. Je moet allemaal logistieke en bureaucratische systemen doorlopen. In oorlogstijd zijn er heel andere prioriteiten. Logisch, maar het wordt er lastiger van om deze dingen te regelen."
De Oekraynske liuwinne Vasylyna ûnderweis nei Fryslân © Four Paws, Svitlana Dmytrenko
It hat in jier duorre om Vasylyna fan Oekraïne nei Fryslân te krijen. Har reis is moandei úteinset. In team fan Wild Animal Rescue hat har nei in oernachtingsplak brocht by it beare-opfanglokaasje Domazhyr, yn it westen fan Oekraïne. De hoop is dat se letter hjoed of moarn oankomt yn Nijeberkeap.
"Voor ons begint het echte werk nu pas", seit Van Zon. "Ze moet mensen weer gaan vertrouwen. Dieren uit dit soort gebieden hebben vaak mentale trauma's opgelopen. Dus we starten een trainingsprogramma en met dierenartsen stellen we een plan op. Daar zijn we de komende periode wel zoet mee."