Hoe hâlde je De Lemmer oantreklik foar jong en âld? Lemsters meie dat sels betinke

Jongereinwurker Wytse Wierda yn petear mei minsken oer de takomst fan De Lemmer © Omrop Fryslân
"As professionals kinne we in soad betinke, mar it moat wol droegen wurde troch de mienskip." Bewenners fan De Lemmer sels kinne meitinke hoe't it doarp oantreklik bliuwe kin foar jong en âld.
Hoe soargje je foar genôch wenromte en perspektyf? De antwurden moatte komme út it doarp sels. Op in ynrinjûn fan maatskiplike organisaasjes, de wenningbouferiening en de gemeente De Fryske Marren waard besocht safolle mooglik ideeën te garjen.
Der koe meitocht wurde oer seis tema's. "Dat giet fan 'bestaanszekerheid voor de jeugd' oant 'zorgen voor elkaar'", seit Wytse Wierda. Hy is jongereinwurker yn it âlde fiskersdoarp. "It draait om soarch, wolwêzen en wenjen. We ha dy ideeën echt nedich."
Der koe meitocht wurde oer seis tema's © Omrop Fryslân
Hoewol't it net stoarm rûn op de gearkomste - der wienen in 20 belangstellenden - kamen der in soad ideeën. Alderen dy't it etysk kompas wurde fan jongeren as it giet om social media, in grientetún by in basisskoalle dêr't âlderein de jeugd leart oer de tún, minsken op de wachtlist sette foar in hierwente foardat se 18 binne of it terrein fan it eardere azc brûke foar in wenfoarm dêr't de jeugd leart selsstannich te wêzen.
De gemeente De Fryske Marren is der ek by. Wethâlder Janita Tabak lústeret benammen nei wat der ynbrocht wurdt. "We zijn als gemeente bezig met het ontwikkelen van een visie op zorg in de dorpen. Om te zien hoe je duurdere zorg kunt voorkomen. Dat is één onderwerp waarvoor we hier de inspiratie vandaan halen."

Skjinne loft

Wat der beslist by moat neffens ien fan de besikers is skjinne lucht. De kwaliteit is net goed genôch, dus dêr moat yn de takomst rekken mei holden wurde.
Wytse Wierda is bliid mei de opbringst. Der sitte in soad saken by dêr't se wat mei kinne. De fraach by de measte belangstellenden is lykwols: wat dogge jim hjirmei? Wierda: "We geane der as organisaasjes wol mei oan de slach. Wol mei de ynwenners fan it doarp sels."

'Laaghangend fruit'

Wethâlder Tabak follet oan: "Er zit veel 'laaghangend fruit' bij. Ik zie niet alleen daar een rol in voor de gemeente, maar ook voor de organisaties hier en de inwoners zelf. Maar hoe het vervolg moet zijn is, eerst aan de initiatiefnemers."