Op spûkejacht yn de natuer lâns bistebylden by de Spoekeplas

In ree hat in plak krigen yn 'e bosk by de Spoekeplas © Omrop Fryslân
Noardwâlde hat in spûkjespaad krigen om de Spoekeplas hinne. Oan de hân fan troch motorseachkeunstners makke bistebylden kinne bern der leare oer de natuer. It lêste byld is moandei teplak set.
It paad moat helpe om it gebiet oantrekliker te meitsjen foar besikers. Pleatslik Belang De Eendracht rjochtet him mei it belibbingspaad benammen op bern oant tolve jier.
Bistebylden by de Spoekeplas
"Er is een kaart verkrijgbaar met opdrachten", seit Jan Bekhof fan Pleatslik Belang. "Ze krijgen opdrachten om bijvoorbeeld een boom te herkennen, het verschil bijvoorbeeld tussen een spar of een denneboom."
Keunstner Erik van der Leur makket it byld fan de kikkert ôf © Omrop Fryslân
De bylden lâns de rûte binne makke troch keunstner Erik van der Leur. Tegearre mei in kollega hat hy de ôfrûne wiken dwaande west mei it meitsjen fan de alve bylden.

Gjin romte foar flaters

"Des te kleiner de beelden, des te lastiger het wordt met een motorzaag. Er is geen ruimte voor foutjes", seit Van der Leur. It lytste byld is in goede 20 sintimeter. It giet om in kikkert dêr't bern de opdracht krije kikkertsprongen by te meitsjen.
Syn 'trots' is it alderearste byld fan de rûte: in spûk yn de foarm fan in seehûn. "Die komt heel mooi uit en de kleuren zijn ook goed."
It paad en de bylden wurde foar it grutste part betelle troch Pleatslik Belang. It giet om goed 20.000 euro. De gemeente Weststellingwerf hat der ek 7.500 euro oan meibetelle.
It moat helpe om it Spoekedaamgebiet oantrekliker te meitsjen, seit Bekhof. "We doen dit op het terrein van Staatsbosbeheer. Die werken heel goed mee. Eerder hebben we langs de plas al speeltoestellen geplaatst, nu deze route. Het is prachtig hier."