Negatyf swimadvys ynsteld foar Tsjûkemar Ulesprong by Sint Nyk

Der jildt in negatyf swimadvys foar de swimlokaasje Tsjûkemar Ulesprong by Sint Nyk. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat it swimadvys ynsteld út namme fan de Provinsje Fryslân.
Yn it wetter by de swimlokaasje is de kâns op sûnensklachten te heech troch in "bacteriologische overschrijding". Minsken dy't der dochs te swimmen gean, rinne in grutter risiko op mislikheid, spuie, koarts en diarree.
De FUMO jout it advys om allinnich te swimmen op offisjeel oanwiisde swimwetterlokaasjes. Dit jier binne dat der yn Fryslân 53, te besjen op dizze webside en op ûndersteande kaart. Wetterskip Fryslân en de FUMO kontrolearje dêr geregeld de wetterkwaliteit en feilichheid.
Om it risiko op ynfeksjes te beheinen, kinne swimmers besykje sa min mooglik wetter yn te slokken. Ek is it goed om nei it swimmen te dûsen en net it wetter yn te gean as je wûntsjes ha.