Binne Friezen taret op in ramp? "In needpakket is maklik sels gear te stallen"

In needpakket kin goed sels makke wurde © Omrop Fryslân
Iten dat hâldber is, genôch wetter op foarried en in radio mei batterijen: mei dit guod kinst dysels efkes rêde as der in ramp bart. Neffens Veiligheidsregio Fryslân is it net sa dreech om wat taret te wêzen op in needsituaasje en ha de measte minsken mear yn 'e hûs dan se tinke.
Fjouwer op de tsien Nederlanners fynt dat se net goed taret binne op in needsituaasje, docht bliken út in ûndersyk fan de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid (NCTV).
Veiligheidsregio Fryslân hat op in spesjale webside yn kaart brocht wat de risiko's foar Fryslân wêze kinne en wat minsken sels dwaan kinne.
Pieter Dijkstra út Burgum is klear foar in ramp
Pieter Dijkstra út Burgum is bewust dwaande om klear te wêzen foar in ramp. Yn it hok efter hûs hat hy foar twa wiken oan griente yn blik, kofje en wetter.
"Meastal ha we de foarried yn in grutte fan fjirtjin dagen om oerlibje te kinnen", seit Dijkstra. "Want, sa as hjoed ek: der hoecht mar in steuring te wêzen of ien dy't hackt en we ha gjin gas of de elektrisiteit falt fuort. Al dy ynfrastruktuer dy't we opboud ha, binne we dan kwyt."

EHBO-setsje en batterijen

By in ramp of in krisissituaasje wurdt der al gau tocht oan grutte ynsidinten, mar neffens de Veiligheidsregio Fryslân begjint it faak by wat lyts thús dêr't elkenien him of har op tariede kin.
"In EHBO-setsje, ridskip, batterijen, waksineljochtsjes: dat hat elkenien meastal wol thús lizzen", seit Sytske Balt fan de Veiligheidsregio Fryslân. Neffens har binne Friezen hiel ree om by in needsituaasje minsken en mienskippen te helpen.
En is it net sa dat in spesjaal needpakket nedich is. It is maklik sels gear te stallen troch hâldber iten yn hûs te heljen en genôch wetter te ha.
"Alles kin samar stilstean"
Pieter Dijkstra fynt it loftalarm dat ien kear yn 'e moanne test wurdt in goed foarbyld fan tarieding op in mooglike ramp. "It is in beëangstigjende situaasje dat we der klear foar wêze moatte dat dy destruksje komt. En dan ha ik it net allinnich oer bommen, mar ek hackers, elektroanika. Alles kin samar stilstean."