Gemeentlike earepinning foar ôfswaaiend direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean

Direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean hat by syn ôfskied de gemeentlike earepinning krigen. Gemeente Hearrenfean besleat dat fanwegen de fertsjinsten fan Roozemond foar de sport.
De fuotbalklup naam yn Lauswolt yn Beetstersweach ôfskied fan de 62-jierrige Roozemond. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat him dêr ferrast mei de earepinning.
Roozemond wie earst foarsitter fan it Stichtingsbestjoer fan sc Hearrenfean en siet yn de Ried fan Kommissarissen. Yn 2018 waard Roozemond tydlik foarsitter, it jier dêrop waard er definityf ferkeazen ta algemien direkteur.
Foar syn tiid dêr hat Roozemond ek foarsitter west fan de Ried fan Kommissarissen fan Thialf. De gemeente Hearrenfean priizget syn rol yn de organisaasje om de fernijbou fan it iisstadion hinne. Yn 2017 koe it fernijde Thialf de doarren iepenje.

By beide sportorganisaasjes hat Roozemond sûnt 2015 in soad betsjutten as in ferbinende faktor yn de topsport en de breedtesport, sa fynt de gemeente.
Yn 'e hannel en 'e hynders
Roozemond wie foar syn tiid as sportbestjoerder op It Hearrenfean sakeman, sa wie hy tusken 1982 en 1997 direkteur fan hannelshûs Ceteco. Yn 2017 ferkocht er it bedriuw RTCL Rotterdam Tankcontainer Leasing.
Hy hat ek in soad dien yn de hynstewrâld. Tusken 2005 en 2014 wie hy foarsitter fan Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek. Yn 2014 waard er foarsitter fan Stichting Het Paard van Fryslân en fjouwer jier letter stelde de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie him oan as foarsitter. Ek hat er bestjoerslid fan de Sectorraad Paarden west.