Nij lesmateriaal moat Fryske bern leare dat it slavernijferline oeral spile

Oant koartlyn wie der net in soad oandacht foar it Fryske slavernijferline. It waard benammen sjoen as in ûnderwerp dat yn it westen fan it lân en oerseeske gebieten spile. Dat is net terjochte en dêrom is der no spesjaal lesmateriaal ûntwikkele.
It is dit jier presys 150 jier lyn dat de slavernij offisjeel ôfskaft waard yn Nederlân. Dat barde yn fazen: yn 1814 waard de hannel yn slaven ferbean, yn 1860 waard de slavernij ôfskaft yn Nederlânsk-Ynje en trije jier letter yn Suriname en it Karibysk gebiet.
Dochs wienen de ta slaaf makken noch altyd net frij, want oant 1873 waarden se twongen om op de plantaazjes te wurkjen. Dat is op 1 july - de dei dat Keti Koti fierd wurdt - presys 150 jier lyn.
Bewustwurding
It slavernijferline kin stevige kost wêze. "Mar dat moat ek", fynt edukaasjemeiwurker Yteke van der Vegt fan Historisch Centrum Leeuwarden. "Net alles hoecht leuk en aardich te wêzen, je moatte somtiden ek wat leare. Wy wolle wat bewustwurding meijaan."
Dat it slavernijferline in fier-fan-ús-bêd-show liket, is net terjochte, leit Van der Vegt út. "As it dêroer hast yn Fryslân, tinke minsken al gau oan Amsterdam of fiere lannen. Wy hawwe dêr net safolle mei te krijen, tinke sy. Mar yn 2021 is der in ûndersyk publisearre fan de Rijksuniversiteit Groningen: as je dat lêze, dan sjogge je dat it oeral west hat."
It slavernijferline is oeral te finen
Spoaren fan it slavernijferline binne te finen troch Fryslân hinne: dan giet it om gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea. Mar museums en argiven ha ek stikken en objekten dy't dêrmei te krijen hawwe.

"In moai foarbyld fyn ik it Steedhâlderlik Hôf yn Ljouwert, dêr't in moaie seal mei skilderijen is dêr't in soad minsken yn troud binne", fertelt Van der Vegt. "Yn dy seal hinget in grut skilderij, dat ik sels ek faak sjoen haw. Ik seach de steedhâlders, mar ik hie noait sjoen dat der yn 'e midden in swart jonkje stie, in betsjinner."
Fan it jonkje is de namme net bekend, yn tsjinstelling ta de oaren op it skilderij. Dat seit neffens Van der Vegt ek wol wat. Ek fan bygelyks it Princessehof is bekend dat der ta slaaf makke minsken wurken.
Oerseesk kapitaal makke
Van der Vegt wiist ek op Natuurmuseum Fryslân, dat yn Ljouwert yn it gebou fan it eardere stedsweeshûs sit.
"Natuurmuseum Fryslân hat pontifikaal 'Baljée' op de gevel stean. Dat wie in man dy't in soad jild neilitten hat oan it stedsweeshûs. Mar hy hie kapitaal makke yn wat letter Yndonezië waard, mei grutte plantaazjes dêr't ek ta slaaf makke minsken wurken."

Om de kennis en de bewustwurding oer it Fryske slavernijferline te fergrutsjen, ha it digitale platfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân en hegeskoalle NHL Stenden it inisjatyf naam om dy ferhalen ek yn klassen fan de basisskoalle en middelbere skoalle te bringen.
Omtinken foar it ferline
Studinten fan de pabû en fan de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen wêryn't learlingen ûndersyk dogge nei de spoaren yn de deistige omjouwing dêr't se alle dagen yn rinne of fytse. "Wy soargje dus ek foar Fryske boarnen, út de eigen omjouwing fan de bern", sa fertelt Van der Vegt.
Der binne boarnen digitalisearre dy't oanslute by it lesmateriaal. It nije lesmateriaal wurdt oer twa wiken presintearre yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. Dêrnei is it beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân.
Yn de dagen foar en nei 1 july is der mear omtinken foar it Fryske slavernijferline. Sa komt teäterselskip Pier21 mei in foarstelling, is yn Tresoar in temajûn oer ferskaat en ynklúzje, organisearret it keramykmuseum Princessehof in rûnlieding en hâldt it Historisch Centrum Leeuwarden in lêzing.