Fjouwer fertochten oanholden yn ûndersyk nei hannel yn harddrugs

In oanhâlding © Plysje
De plysje hat fjouwer minsken oanholden op fertinking fan de hannel yn harddrugs. De plysje die dy oanhâldingen moandei nei ynfallen yn fiif wenningen yn Smellingerlân en Achtkarspelen.
By de ynfallen is in "ruime hoeveelheid drugs" yn beslach nommen, krekt as fjoerwapens en 13.000 euro yn kontanten. Der is ek in Mercedes yn beslach nommen dy't mooglik kocht is mei drugsjild, skriuwt plysje Oost-Fryslân.
It ûndersyk is noch net ôfrûne en de plysje slút net út dat der noch mear oanhâldingen dien wurde.