In Stellers see-earn dûkt op yn Jobbegea: hoanne slachtoffer fan besite

De Stellers see-earn sit boppe-op de resten fan de hoanne yn Jobbegea © Liesbeth de Vries
Yn Jobbegea dûkte moandei in bysûndere ferskining op: in Stellers see-earn. It is ien fan de grutste see-earnesoarten, dy't gewoanwei yn East-Azië foarkomt. In hoanne waard slachtoffer fan de besite.
Liesbeth de Vries moast moandeitemoarn wol twa kear mei de eagen knipperje. "It wie fan 'e moarn al betiid, om healwei sânen hinne", fertelt De Vries. "Ik luts de gerdinen yn de sliepkeamer iepen en doe siet er dêr."
"Ik tocht: wat is dit no wer? Ik ken eins alle rôffûgels dy't hjir foarkomme wol", fertelt De Vries. Mar dizze fûgel wie har ûnbekend. "Ik bin gau nei ûnderen gien om te sjen oft ús hûn wol binnen wie."
In Stellers see-earn (net dy fan Jobbegea) yn syn natuerlike habitat © ANP
De Stellers see-earn hat in opfallende giele snaffel. It binne jûkels: froutsjes kinne mear as in meter heech wurde, mei in spanwiidte fan de wjukken oant 2,5 meter.
De fûgel is neamd nei de Dútske natuerûndersiker Georg Wilhelm Steller. Gewoanwei libje de fûgels benammen by de kusten fan Japan, Ruslân en Sina, dêr't se op fisk jeie.

Fatale besite foar de hoanne

Mar dizze Stellers see-earn wie net yn Japan, mar yn Jobbegea. Yn in achtertún oan de Skoatterlânskewei siet er midden op it stoflik omskot fan de hoanne fan de famylje De Vries.
De hoanne siet gewoanwei yn in omheining, fertelt De Vries. Mar hy woe noch wolris útnaaie om yn de tún te kuierjen. Syn driuw nei frijheid is de hoanne fataal wurden.
Nei it miel siet de Stellers see-earn rêstich te bekommen op it dak © Eigen foto
De Stellers see-earn siet oeren yn de tún. "It hie gjin haast om wer fuort te fleanen. Hy wie ek hielendal net skruten", fertelt De Vries. Sy koe de fûgel op 'e foto sette en mei help fan Google Lens fûn sy út dat it om in Stellers see-earn gean moast. "Dêr hie ik noch noait fan heard."

Ut in Belgysk park

De Stellers see-earn is net samar in dwaalgast. Nei alle gedachten giet it om ien fan de twa fûgels dy't yn maart út it Belgysk park Labiomista yn Genk ûntsnapten. Nei wat sykjen op ynternet kaam de famylje De Vries dêr al fluch achter.
Troch in defekt oan de koai rekke it park de fûgels kwyt. Mar it binne snoade bisten: de fûgels ferpleatse har hieltyd, wêrtroch't falkeniers en it team fan Labiomista hieltyd te let binne.
De Stellers see-earn hie it skynber wol nei 't sin yn Jobbegea © Eigen foto
Yn Zevenhuizen (Grinslân) waard sneon ek al in Stellers see-earn sjoen en snein fleach de fûgel yn de omkriten fan Drinte. Op waarneming.nl is te sjen dat nei alle gedachten deselde fûgel de ôfrûne moannen ek al boppe Utrecht, Súd-Hollân, Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch omspaande.
De besite oan Jobbegea hat oant in oere as 11.00 duorre. "Hy hat wol wat hinne en wer flein, mar siet ek lang by de buorlju op it dak."
It wie in opfallende ferskining © Eigen foto
De famylje De Vries belle yntusken ferskate ynstânsjes om te sjen oft de see-earn ophelle wurde koe, ûnder oare de diere-ambulânse en De Fûgelhelling yn Oerterp. Mar sy krigen gjin gehoar en De Fûgelhelling wist ek net hoe te hanneljen.
Yntusken is de Stellers see-earn wer fuort: wêr't er krekt hinne fleach, is in riedsel. Mar wat De Vries oanbelanget hoecht er ek net wer werom te kommen.