Autobrêge Holwert wurdt net mear reparearre: "Iedere oplossing creëerde een nieuw probleem"

In kraan helpt no de autobrêge te betsjinjen © ANP
De stikkene autobrêge yn Holwert wurdt net mear reparearre. Oant de renovaasje, dy't oer twa wiken úteinset, sil in spesjale kraan helpe om de auto's de boat op en ôf te helpen.
De renovaasje fynt fan 19 juny ôf plak yn de nachtlike oeren. Reizgers sille dêr yn prinsipe gjin lest fan ha, meldt Rykswettersteat. Yn de nacht fan 20 op 21 juny wurdt de âlde brêge ferfongen troch in nijen.
De problemen mei de brêge ûntstienen in wike lyn: doe koenen sa'n 65 auto's net fan de boat ôf, dy't krekt fan It Amelân nei Holwert fearn wie. Reizgers sieten oeren fêst op de boat, oant in kraan teplak wie om de autobrêge te betsjinjen.
Ofrûne wike hat in ploech fan Rykswettersteat alle nachten oan it wurk west om te besykjen it probleem te ferhelpen en tests troch te fieren. "Maar bij iedere oplossing die we bedachten, ontstond er een nieuw probleem", seit in wurdfierder.

Materiaal te âld

Dat komt ek trochdat it materiaal faak datearre is: de ynstallaasje fan de brêge is ek hast fjirtich jier âld. "Dat oude materiaal communiceert niet goed met het nieuwe, dat geldt voor zowel de hardware als de software."
Dêrom is der no keazen om de kraan stean te litten. Dy oplossing foldocht goed. Yn it wykein is it wol drok mei toeristen yn de haven, mar dat smyt gjin problemen op: "Voor die drukke momenten hebben we een verkeersregelaar geregeld. Dat werkt voor de rederij, Wagenborg, ook prima."
Dat der no dúdlikheid is, is neffens Rykswettersteat ek goed. "De renovatie komt geen dag te vroeg. Als dat nog maanden zou duren, hadden we 'm naar voren gehaald. Dat lukte nu niet, vanwege bijvoorbeeld de planning."