Liveblog | 5 juny 2023

112-nijs moandei 5 juny: Brân bedriuwsloads Ljouwert | Koarte tiid brân yn hûs Frjentsjer

Yn dit liveblog hâlde we dy moandei op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en misdriuwen yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 5 juny 2023, 20:38
20:38

Brân by bedriuw yn Ljouwert gau út

De brân yn de bedriuwsloads wie gau ûnder kontrôle © AS Media
Yn in loads fan Carver BV oan de Celsiusweg yn Ljouwert hat koarte tiid brân west. Der is net ien ferwûne rekke. De oarsaak fan de brân is net bekend. Doe't de brânwacht oankaam, wie it fjoer al hast út. De brânwacht hat in neikontrôle dien yn de loads en it gebou fentilearre.
17:12

Plysje hâldt fjouwer minsken oan op fertinking fan hannel yn harddrugs

De plysje hat fjouwer minsken oanholden op fertinking fan de hannel yn harddrugs. De plysje die dy oanhâldingen moandei nei ynfallen yn fiif wenningen yn Smellingerlân en Achtkarspelen.
Der binne drugs, fjoerwapens en 13.000 euro yn kontanten yn beslach nommen.
16:55

Bernefytske yn it wetter yn Ljouwert, gjin bern yn need

© CAMJO Media
De helptsjinsten binnen moandeitemiddei alarmearre foar in bernefytske dat yn it wetter dreau oan de Dokkumertrekweg yn Ljouwert. De brânwacht mei dûkers en in ambulânse kamen rap teplak.
Dy koene allegearre wer werom nei't in oar bern him melde en sei dat er it fytske yn it wetter smiten hie. Foarbygongers yn in boat hawwe it fytske út it wetter helle en oan de brânwacht jûn.
16:37

Lytse brân yn in wenning yn Frjentsjer

De brânwacht by it hûs © AS Media
Oan de Meester Flapperlaan yn Frjentsjer hat moandeitemiddei koarte tiid brân yn in hûs west. It fjoer wie ûntstien yn de waarmteboiler as gefolch fan koartsluting. Der wie al in monteur belle, mar de situaasje waard slimmer en slimmer. Dêrom is de brânwacht ynskeakele, dy't it fjoer útmakke hat. Mei in fentilator is de reek út it hûs fuortblaasd.
16:13

Hotelgast krijt heal jier sel foar mishanneling personiel

In 29-jierrige man út Warnsveld yn Gelderlân hat seis moanne sel krigen fanwege mishanneling fan personiel fan it Fletcherhotel op It Hearrenfean. De man miende dat er jild weromkrije koe foar in pear hoteloernachtingen dy't er net dien hie.
Doe't it personiel sei dat dat net koe, sloech en skopte er flink om him hinne. Ien fan de slachtoffers krige in pear kopstjitten. De man hat in skiednis fan psychiatryske problematyk. De offisier fan justysje neamde him "een wandelende tijdbom".
De Warnsvelder sit op it stuit al fêst en wie net oanwêzich by de behanneling fan syn saak. De eask wie in finzenisstraf fan tsien moanne wêrfan't trije ûnder betingst.
15:17

Tsjûgen socht fan in fearkearsrûzje op It Hearrenfean

De plysje siket tsjûgen fan in spul op It Hearrenfean. Op it parkearterrein by De Passage en it Gashoudersplein hiene snein twa bestjoerders rûzje. It gie nei alle gedachten om in ferkearsrûzje, dy't al op de Oranje Nassaulaan begûn. Ek op de Stadionweg soe al in konfrontaasje west hawwe. Uteinlik draafden beide bestjoerders in supermerk yn.
De plysje hat twa manlju fan 31 en 21 jier oanholden, mar wol noch in better byld fan wat der krekt bard is. Wa't wat sjoen hat dan it konflikt, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.