Boargemaster Hearrenfean pleitet foar lytsere azc's en 'turbolokaasjes'

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean © Omrop Fryslân
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean is kritysk op it kabinet as it giet om de asylopfangproblematyk. Neffens him is it kabinet net yn steat om mei oplossingen te kommen. Van der Zwan hat dêr sels wol oer neitocht.
"Er zijn twee dingen: zorg ervoor dat de 'veiligelanders' uit de procedure gaan. En maak ook kleinere centra met ongeveer honderd opvangplekken."
Van der Zwan fynt dat dan garandearre wurde moat dat der gjin asylsikers út feilige lannen yn sa'n lytser azc komme. "Dan zulje zien dat het draagvlak best groot is in Nederland."

'Turbolokaasjes'

Oer syn plan om mei meardere lytsere azc's te kommen, is goed neitocht. Van der Zwan rekkenet foar: "Stel dat er tweehonderd gemeenten zijn die wel zo'n kleiner azc willen herbergen. Dan creëer je 20.000 plekken. Verder moet je 'turbolocaties' maken. Daar zet je vijftig tijdelijke woningen neer. De helft voor statushouders, dan kun je ook zomaar 20.000 statushouders herbergen."
De gemeenteried fan Hearrenfean hat sels koartlyn besletten dat der in azc komt yn de gemeente. De lokaasje is noch net bekend, dêr wurdt op 7 juny mei allerhande belutsenen oer praat. Pas as de lokaasje bekend is, wurdt dúdlik hoefolle asylsikers oft der opfongen wurde, mar dat sille der minstens 350 wêze, fertelt Van der Zwan.
Op It Hearrenfean komme fyftich fan sokke tydlike wenningen. Neffens Van der Zwan kinne dy hiel rap boud wurde, ek omdat by tydlike wenningen de stikstofproblematyk net spilet.
Je moet het in de keten oplossen en asielzoekers - net als de Oekraïners - meteen ook laten werken.
Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean
Van der Zwan fynt boppedat dat asylsikers sa gau as mooglik oan it wurk moatte. It mes snijt dan oan twa kanten: foar de asylsikers is it folle nofliker wat om hannen te hawwen en de krapte op de arbeidsmerk kin foar in part oplost wurde.
"Je moet het in de keten oplossen en asielzoekers - net als de Oekraïners - meteen ook laten werken. Daar moet je lef voor hebben, maar het moet wel."
Van der Zwan die syn útspraken yn it programma Buro de Vries: moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.