Krityk op ferkiezingen foar Earste Keamer: 'Net mear fan dizze tiid'

Sijbe Knol, Tjeerd van der Zwan en Harry Oosterman © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De ferkiezingen foar de Earste Keamer binne net mear fan dizze tiid. Dat fynt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean.
Van der Zwan die syn útspraken yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Sijbe Knol fan de FNP en Harry Oosterman, de eardere boargemaster fan Eaststellingwerf skoden ek oan.
De trije foarumleden diskusjearje oer de Earste Keamerferkiezingen sa't dy dizze wike plakhân hawwe en dêr't wol it ien en oar op oan te merken falt. Sa fertelt Knol dat hy as fraksjelieder fan de FNP yn Provinsjale Steaten benadere is troch meardere lanlike politike partijen mei de fraach om ien of twa stimmen te jaan oan dy partij.
Sijbe Knol (FNP) © Omrop Fryslân
"Wy ha hoek holden en allegear gewoan op ús eigen kandidaat, Auke van der Goot, stimd. Wy ha gjin sin oan sokke spultsjes en wy wolle ek it wisse foar it ûnwisse nimme."
Knol fynt dat de bining tusken de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten en de Earste Keamer út elkoar helle wurde moat. "De Provinsjale Steateferkiezingen binne gewoan in ôfrekkening fan de kiezer op it sittende kabinet, wylst wy hjir genôch ûnderwerpen ha dy't spylje."
Alle provinsjes moatte tsien sitten krije.
Sijbe Knol fan de FNP
Knol fynt ek dat de Twadde Keamer feroarje moat: "Der moatte mear Twadde Keamerleden komme. No moatte se fierstente folle dwaan. Boppedat moat de regio better fertsjintwurdige wurde. Jou bygelyks alle provinsjes der tsien plakken by", seit Knol.
"Dy komme dan boppe-op de 150 sitten dy't der al binne. Dan hat eltse regio fêste sitten en de Keamer wurdt folle grutter sadat de minsken oan it echte politike wurk ta komme."
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean © Omrop Fryslân
Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean fynt de Earste Keamer "Een relict uit oude tijden. De PvdA heeft al in 1983 bij de grondwetswijziging gepleit voor het opheffen van de Eerste Kamer. Die heeft geen functie meer en wordt nu te veel in de politiek getrokken. En dan worden de leden ook nog eens indirect gekozen. Het is niet meer van deze tijd."
Harkje hjir nei de diskusje fan it nijsfoarum oer de 1e Keamer
Ald-boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf harket ynteressearre nei de fisy fan Van der Zwan. Mar hy is ek kritysk: "Eltse struktuerferoaring bringt wer oare problemen mei."
Harry Oosterman, foarsitter fan de Projectgroep Preventie Wolvenschade Fryslân © Omrop Fryslân
Dat de Earste Keamer net mear fan dizze tiid is, is ek syn miening. Mar hy sjocht foaral nei in oar probleem. "Ik meitsje my grutte soargen oer de bestjoerberheid fan Nederlân. Hoe krije we goeie minsken op goeie plakken?" Hy konstatearret boppedat dat in soad minsken de polityk yn gean om de eigen fraksje grutter te meitsjen yn stee fan it bestjoeren fan it lân.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.