Scooterrider (19) út Harns slim ferwûne by botsing mei auto yn Hjerbeam

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © CAMJO Media
By in botsing mei in auto op de Rijksweg by Hjerbeam is in 19-jierrige scooterrydster út Harns slim ferwûne rekke.
It ûngelok barde om 13.55 oere hinne. De plysje, ambulânse en it Mobyl Medysk Team (MMT) waarden oproppen om help te ferlienen. De 19-jierrige frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
Ferkearsspesjalisten fan de plysje dogge ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.