Poepestek en Ekkelkaamp, Stellingwerver fjildnammen "een hiele uutzukeri'je"

Poepestek, Ekkelkaampe en Liemhoekie. Dat binne in pear fan de nammen fan stikken lân of bosk by Aldeberkeap dy't fêstlein binne. It boek is krekt presintearre,
De nammen binne jierren ferlyn opskreaun troch âld-hûsdokter Annema fan Aldeberkeap. Hy hat âldere ynwenners frege wat se noch wisten oan fjildnammen.
Mei de ynformaasje is nea wat dien, oant no. Yn it multyfunksjoneel sintrum yn Aldeberkeap waard freedtemiddei it boek presintearre dat gearstald is troch Wim de Boer en Henk Bloemhoff. Dit boek mei âlde fjildnammen by Aldeberkeap is it achtste diel yn in rige oer fjildnammen yn de hast fjirtich doarpen yn de Stellingwerven.

Mei in 'kaampe' wurdt in terrein oantsjut en 'ekkel' is iik, seit ien fan de gearstallers, Henk Bloemhoff. It is dus in stik lân neamd nei wat der yn de buert groeit. Kinst in haadyndieling meitsje neffens grûnwurden en wurden dy't wat ekstra's oantsjutte foar dat plak. Yn dit gefal 'ekkel'.
Poepestek
En Poepestek dan? Fan de santjinde oant de njoggentjinde iuw kamen arbeidskrêften út it Dútske Westfalen nei de Stellingwerven om gruttere boeren te helpen mei meanen. Dat barde doe noch mei de seine. Se waarden ek wol 'hantjemieren' neamd. Yn de Stellingwerven seine se 'zendepoepen'.
In Poep is in minder freonlik wurd foar in Dútser. Dy minsken sliepten soms yn it frije fjild. It plak dêr't se bivakearren, hiet in poepestee of in poepestek, fertelt Bloemhoff.
Frijwilligerswurk
De fjildnammen hawwe lang op de planke lein. De reden: yn tsjinstelling ta foar it Wurdboek fan it Stellingwerfsk is it foar sokke projekten dreech om jild te finen. Undersikers en publisisten moatte betelle krije. Mar foar dit boek oer fjildnammen by Aldeberkeap is it wurk dien troch frijwilligers, seit Bloemhoff.

Binne de fjildnammen no noch wol bekend? Foar de lytsere doarpen hat Bloemhoff dêr syn twivels oer. De Schrieversronte yn Aldeberkeap hat noch flink wat materiaal fan in grut tal doarpen yn de klûs te lizzen. Fan De Blesse, Pepergea en Blesdike leit in dieltsje klear om te bewurkjen en te publisearjen. Dat jildt ek foar Aldlemmer en Nijlemmer en noch in pear oare doarpen.
Mar der binne ek in pear doarpen dêr't it dreech foar wurde sil om de fjildnammen te achterheljen. Bist dan oanwiisd op âlde dokuminten, neffens Bloemhoff. Wat dokter Annema dien hat - âldere minsken persoanlik freegje- is "et betere wark. Want dat kuj' dan anvullen mit schriftelike bronnen. Dat is een hiele uutzukeri'je".
Henk Bloemhoff