Binnentún as echte kantoartún, bûtendoar wurkje makket kreativer

Bûtendoar wurkje is goed. Neffens wittenskiplik ûndersyk wurde minsken der kreätiver en produktiver fan. Se hawwe mear enerzjy as se bûtendoar wurkje.
Merk Fryslân, de organisaasje foar Fryslân-promoasje, wol dat Fryslân foaroprinner wurdt yn it bûtendoar wurkjen. Sels wurkje de wurknimmers fan Merk Fryslân ek folle mear bûtendoar. Fan it binnentúntsje is in echte kantoartún makke, mei in soad grien en in stik of wat wurkplakken. Yvonne Hulleman fernimt sels dat it har goed docht. "Ik heb meer energie en ik ben echt creatiever als ik buiten werk."
Mear bûtenwurkplakken
Sy wol derfoar soargje dat der mear bûtenwurkplakken komme yn Fryslân en dat bedriuwen út Fryslân en ek dêrbûten hjirhinne komme om bygelyks in teambuilding- of in brainstoarmsesje te dwaan.

Yn feite is bûtendoar wurkje net oars as 'bûtendoar' yn dyn wurkdei behelje. Bûten kin in oantreklik plak wêze om bygelyks wat tillefoantsjes te dwaan. In grut foardiel is datst der ek by beweechst. Dat is ek goed foar de sûnens. Troch alle dagen nei bûten te gean wurde de harsens stimulearre, kinst better en kreätiver tinke en wurdst produktiver.
Toolkit
Merk Fryslân hat in 'toolkit' ûntwikkele dy't dat bûtenwurkje makliker makket. Dêr sit ûnder oare in statyf yn dêr't in laptop op kin. En sinnekleppen dy't om de laptop hinne set wurde kinne, sadat it byldskerm goed lêsber is.

Online marketingbedriuw Brandmerck yn Snits hat it bûtendoar wurkjen sûnt begjin dit jier yntegrearre yn de bedriuwsfiering. Neffens direkteur Robert Hoekstra freget dat wol in oare 'mindset' fan syn minsken.
"Wy binne dermei begûn yn febrewaris. Yn de winter is it foar de measten net hiel logysk om nei bûten ta te gean. Mar wy wolle der wol mei fierder, want seker foar minsken mei in kreätyf berop hat it foardielen."
Hy hopet dat it bûtendoar wurkjen oer in jier of twa hielendal akseptearre is en dat it by syn bedriuw ek goed regele is om dat dwaan te kinnen.

Konferinsjesintrum Nieuw Allardsoog by Bakkefean profilearret him as in bûtenwurklokaasje. Der binne sitsjes yn de natuer en by minder waar kin keazen wurde foar in oerkape terras mei in fjoerkoer.
Andele Zijlstra, ien fan de direksjeleden fan Nieuw Allardsoog, wol graach it bûtendoar wurkjen fasilitearje. Se fernimt dat der nei de coronaperioade mear fraach nei is.
"Wy sitte yn in prachtige, natuerlike omjouwing dêr'tst hearlik kuierje kinst, dêr'tst altyd fûgeltsjes hearst en dêr't skiep en ponnys omrinne. Dat diele we graach. In bedriuw kin fansels yn in konferinsjeseal sitten gean foar in gearkomste, mar wy kinne se ek in rûntesit tusken de beammen oanbiede."

Psycholooch Bernard Maarsingh is in grut foarstanner fan bûtendoar wurkjen. Neffens him binne der allerhanne wittenskiplike ûndersiken dy't oantoane dat dat positive effekten hat.
"Het temperatuurverschil speelt een rol, want meer warmte en meer kou leidt tot epigenetische verandering. Simpel gezegd: de cellen gaan anders werken en dat maakt dat je op termijn gezonder en fitter bent. Bovendien blijkt uit onderzoek dat mensen die buiten werken ook meer bewegen en dat zorgt ervoor dat je brein beter werkt."
Bij een depressie helpt tuinieren even goed als antidepressiva
Bûten wurkje hat neffens de psycholooch allerhanne fûnemintele fysiologyske effekten. "Bij een depressie helpt tuinieren even goed als antidepressiva. Buiten zijn, buiten werken is iets heel basaals voor de mens. En vanuit allerlei hoeken komen redenen om te denken dat het wijs is om te doen."
Sels giet Maarsingh ek wolris nei bûten ta om te wurkjen. Dochs fielt it dan net echt as wurkjen: "Als ik met een patiënt naar buiten ga en al wandelend een consult doe, is dat goed voor de patiënt en ook voor mij als therapeut. Eigenlijk denk ik dan dat het veel te lekker is om als 'werken' aangemerkt te worden."

Maarsingh beslút syn pleit foar bûten wurkje mei: "Op den duur is het goedkoper voor de werkgever. Want je werknemer is fitaler, gezonder en productiever".
Harkje nei de reportaazje fan Geartsje de Vries
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.