Oane Galama wint Ello Sterenborg Bokaal by ljepperij yn Gryptsjerk

Oane Galama yn aksje © Martin de Jong
Oane Galama fan Hilaard hat de Ello Sterenborg Bokaal wûn. By de ljepperij yn Grypstsjerk sprong hy mei 19,01 meter it fierst. Dêrmei kent dit fierljepseizoen nei fiif wedstriden fiif ferskate winners.
Thewis Hobma fan Harns waard twadde. Hy stie nei de foarrondes noch boppe-oan mei 18,63, mar yn de finale kaam er net mear yn aksje. Earder op 'e dei hie er nammentlik meidien oan de Turfrace en dêrmei hie er al syn krêften ferspile. It tredde plak wie foar Bauke de Jong fan Parregea mei 18,24. Yn de finale sprong er twa kear wiet.
By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip foar de tredde kear dit seizoen de bêste. Se kaam ta 15,34. Dat wie mear as in meter fierder as de nûmer twa, Pytrix Westra fan Burgum. Westra ljepte nei 14,20 meter ta. Sigrid Bokma fan Hylpen waard tredde mei 13,83 meter.
De oerwinningen by de junioaren, jonges en famkes gienen nei respektyflik Wisse Broekstra fan Tsjummearum (18,09), Timo van der Knaap fan Snits (16,74) en Noa de Boer fan Eksmoarre (13,10).
De winnende sprongen fan de jûn op in rychje