Persoan yn sân hasten nei sikehûs brocht nei ûngelok by Boalsert

It ûngelok barde by de ôfslach nei Boalsert © CAMJO Media
Op de A7, op 'e hichte fan de ôfrit Boalsert, is sneontejûn in persoan slim ferwûne rekke by in oanriding.
Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de autobestjoerder fan de dyk en bedarre tusken yn de strûken njonken de ôfrit. It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle en dêrnei yn sân hasten mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de oanriding.