Iepen dei Ecopark De Wierde lûkt 4.500 besikers: "Op nei in sirkulêre mienskip"

4.500 besikers foar iepen dei De Wierde
De iepen dei op Ecopark de Wierde by It Hearrenfean fan ôffalferwurker Omrin hat sneon 4.500 besikers lutsen. Sa'n iepen dei is foar it lêst yn 2014 hâlden en it waard dúdlik dat der hieltiten mear ferlet fan wie.
Besiker Rients Feenstra wie der doetiids ek al by. Nei in besite oan de hal dêr't it plastik ferwurke wurdt, falt him op dat it oandiel plastik dat wer op 'e nij te brûken is, omheech gong is nei 80 prosint. En dat fynt der goed nijs: "Wy moatte dochs ta nei in sirkulêre mienskip."

Praktyske tips

Hy krige ek noch praktyske tips oer hoe't it ôffal ynlevere wurdt. Sa waard him ferteld dat dat je net samar wat bakjes en oar guod yn elkoar skowe moatte. Alles moat nammentlik apart bliuwe. "Oars herkent de masjine it net", wit Feenstra.
Omrin-sjauffeur Alex Verzijden is der ek by. Fansels kint hy it bedriuw goed en hat hjoed de famylje mei om sjen te litten "wat er hier allemaal gebeurt." En sa is der mear Omrin persoaniel dat op dy wize rûnsjocht op it wurk fan heit of mem.

Hiel tefreden organisaasje

"De besikers stienen in heal oere foardat it terrein iepen gong", sa seit Renate van Opzeeland fan Omrin. "En der bliuwden minsken kommen oant en mei in oere foardat de iepen dei foarby wie." De organisaasje is dan ek hiel tefreden mei it ferrin.